Josef Mengele

Josef Mengele (Günzburg, 16 maart 1911 – Bertioga (Brazylje), 7 febrewaris 1979) wie dokter yn konsintraasjekamp Auschwitz; hy wurdt ek wol 'Ingel fan de dea' neamd.

Mengele moast yn 1940 nei de Wehrmacht. Hy melde him yn augustus 1940 frijwillich by de Waffen-SS. Hy begûn as bataljonsdokter, mar rekke slim ferwûne oan it eastfront. Om syn sûnens koe er net werom nei it front en waard dokter yn konsintraasjekamp Auschwitz op 30 maaie 1943 as SS-Hauptsturmführer (kapitein).

Josef Mengele
Josef Mengele yn 1956
Josef Mengele
Block 10 yn Auschwitz dêr't Mengele syn eksperiminten útfierde

Kampdokter yn Auschwitz

Hy beslute dêr wa't libje mocht en wa't fuort dea moast. Hy is meast ferneamd om syn ferskriklike medyske eksperiminten. Dy eksperiminten dy er benammen mei twillingen. Hy sette se yn in kâlde keamer dêr't se bliuwe moasten oant se dea gongen, yn fakuümkeamers, amputearre dielen fan de lea en organen (meast sûnder ferdôving) en teste nije behannelings en genêsmiddels. Hy hat ek ris in twilling oan inoar nuddele omdat er witte woe oft er ek in siameeske twilling meitsje koe. Hy besocht mei blauwe floeistof om fan donkere eagen blauwe eagen te meitsjen. Syn eksperiminten mislearren faak en dat hie faak de dea fan syn 'testobjekten' ta gefolch.

Flecht

Nei de kriich bleau er fjouwer jier ferskûle op in boerepleats yn Beieren. Hy naaide yn 1949 út nei Súd-Amearika oer Itaalje. Hy wenne tusken 1949 en 1959 yn Buenos Aires yn Argentynje, mei finansjele stipe fan syn famylje. Yn 1954 gong er by de frou wei. Yn 1956 wie er op fakânsje yn Switserlân mei de widdo fan syn broer, syn soan en neef. Hy frege in Dútske pas oan ûnder syn eigen namme - dy't er ek krige. Hy troude wer yn 1958 yn Montevideo, Urûguay, mei syn skoansuster.

Op 3 augustus 1958 die de skriuwer Ernst Schnabel, dy't oer Anne Frank skreaun hie, oanjefte tsjin Mengele. Febrewaris 1959 waard in arrestaasjebefel makke. Mengele teach nei Paraguay en waard Paraguaansk steatsboarger. Doe't de MOSSAD yn de simmer fan 1960 Adolf Eichmann út Paraguay meinommen hie, gong Mengele nei Brazylje. Mengele stoar yn 1979 ûnder it swimmen oan in hertynfarkt of in beroerte. Hy is mei de namme 'Wolfgang Gerhard' te hôf brocht. Syn dea waard net kundich makke. Earst yn 1985 waard syn lichem opgroeven. Yn 1992 waard DNA fan it opgroeven lichem ûndersocht mei famylje dy't noch libben, en waard fêststeld dat it yndie Josef Mengele wie.

Militêre karriêre

  • SS-Hauptsturmführer:
  • SS-Obersturmführer:
  • SS-Untersturmführer:

Registraasjenûmers

  • NSDAP-nr.: 5 574 974
  • SS-nr.: 3 177 885

Keppeling om utens

Tags:

Josef Mengele Kampdokter yn AuschwitzJosef Mengele FlechtJosef Mengele Militêre karriêreJosef Mengele RegistraasjenûmersJosef Mengele Keppeling om utensJosef Mengele16 maart19111943197930 maaie7 febrewarisAuschwitzBrazyljeKonsintraasjekampWaffen-SS

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Yndo-Jeropeeske talenInga RidereJeropaLW14 febrewarisGerald FordEvenhoevigenKanadaMarijn KuipersFilmWâldIuwEuroAmerikaanske dollarUbuntuMisjonarishâldingG19811874Kees van Kooten99J. MacBMontrealThomas Mann27 febrewarisRobert I fan SkotlânBritske prinsen-gemaal en keninginnen-gemalinneYndiaMicrosoft Windows1988RFyts15 septimberKlútLittenseradielLovette (pornografysk aktrise)Rhythm and blues1949Harry TrumanKatedraal fan NantesLofthaven Frankfurt am MainRuslânLil Baby19062003Orlando (Floarida)PekingKlassisismeTsjaadAmerikaanske steatenNeakenfotografyCarl JungHalona Vog19201963EachYnformatikaKoloanjeFaginaMarketingDaisy Summers1890Hebriuwske kalinderWolgaLong Shot (film út 2019)Reinwâld🡆 More