Assen Joazeftsjerke

De Joazeftsjerke (Jozefkerk, foarhinne de Grutte Tsjerke) is in protestantske tsjerke yn Assen.

De tsjerke waard oan de doedestiidske râne fan de stêd boud nei't de âlde kleastertsjerke oan de Brink te lyts waard foar it tanimmende ledetal fan de gemeente.

Joazeftsjerke

Jozefkerk

bouwurk
Assen Joazeftsjerke
lokaasje
lân Assen Joazeftsjerke Nederlân
provinsje Assen Joazeftsjerke Drinte
plak Assen Joazeftsjerke Assen
adres Kerkplein 1
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1844-1848
arsjitekt C.J. Spaan
boustyl Neoklassisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8411
offisjele webside
Joazeftsjerke

Skiednis

Assen Joazeftsjerke 
Ynterieur

Foar de jimmeroan grutter wurdende gemeente wie noch foar de bou fan de hjoeddeiske tsjerke de eardere kleastertsjerke (ek Marijetsjerke) al ferskate kearen fergrutte. Yn 1840 sette de gemeente prikken yn it wurk om in gruttere, folslein nije tsjerke op in oar plak te bouwen. Der waard jild ynsammele en nei fjouwer jier slagge it de gemeente de begrutting slettend te krijen. Der kaam in tsjerke yn klassisistyske styl nei in ûntwerp van C.J. Spaan, de haadingenieur fan it ministearje fan Wettersteat en Publike Wurken. De bou foldocht oan de eigenskippen fan in typyske wettersteatstsjerke en waard op 30 april 1848 iepene.

Op 13 juny 1910 waard troch ynslach fan de bliksem de toer fan de Grutte Tsjerke troffen. Fanwegen de hichte wie de brân min te dwêsten en sadwaande moast de toer troch in nije toer neffens in ûntwerp fan de Grinzer arsjitekt Huurman ferfongen wurde. Ek it oargel van Van Dam út 1896 rekke troch wetterskea skansearre.

Restauraasje

Yn it begjin fan de jierren 1980 folge in restauraasje fan de tsjerke. By dizze restauraasje waarden ek in tal feroarings oan it gebou ûngedien makke. Tichtmitsele finsters waarden wer iepen brutsen, de banken yn de tsjerke waarden wer yn de oarspronklike opset opsteld en de preekstoel kaam wer oan de noardlike muorre te stean. It yn de jierren 1930 ferlege ferwulft bleau lykwols hanthavene. Tidens de restauraasje waard ek it oargel mei de oanfolling fan in tal net mear oanwêzige registers wer yn de oarspronklike steat werom brocht. De earste tsjinst nei de restauraasje fûn op snein, 4 july 1982 plak.

Foar it lêst waard yn 2008 grut ûnderhâld en inkelde modernisearings oan foarsjennings útfierd.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    Keppeling om utens

Tags:

Assen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KragujevacSekondeFryslânKlassikus13 jannewarisBangladesjAndor (telefyzjesearje)22e iuwEvenhoevigenEve Madison11 maart1963EalsumTwadde WrâldkriichWierumIzer1909Periodyk systeem fan de elemintenMylDútskAmerikaanske dollarSkipperssankje1809HaadsideEmily RatajkowskiMichelle TuckerHurde pornografyAnna fan BretanjeOmsetLong Shot (film út 2019)P186710 febrewarisFyts2023Els PerdokSineeske kalinderKlútPakistanHarry TrumanKing of Kings (film út 1961)JazzElslo42EastenrykSean LawlessMicrosoft1890AteneHeather LeeWâldSry LankaMarcel HirscherKaribysk NederlânLjochtHebriuwskKleurMisjonarishâlding9 maart24 maartCowgirlhâldingHebriuwske kalinderRhythm and bluesLjouwert (stêd)HynderPhilip, hartoch fan Edinburgh2003Faustina de Aldere2014Oklahoma🡆 More