Jo Bosma

Johannes (Jo) Bosma (Bûtenpost, 17 april 1943 - De Lemmer, 21 septimber 2015) wie in Nederlânsk politikus fan D66.

Hy hat feehâlder west en rjochte yn 1967 in D66-ôfdieling op yn de gemeente Achtkarspelen. Letter hat er wethâlder yn Lelystêd west. Bosma wie direkteur fan de NV Lofthaven Lelystêd foardat er juny 1992 boargemaster fan Lemsterlân waard. Fan oktober 2003 oant maart 2004 wie er ek waarnimmend boargemaster fan Ljouwerteradiel.

Om de jierwikseling 2005/2006 hinne koe Bosma foarkomme dat in tal húshâldings mei jonge bern as útprosedearre asylsikers it lân útset waarden. Yn dy tiid stapte Bosma út D66, dy't doe yn it regear sit hie, om reden fan it asylbelied en bleau partijleas boargemaster oant syn pinsjonearring yn de maitiid fan 2008.

Nei de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 waard Bosma ynformateur yn Ljouwerteradiel.

Bosma waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy stoar yn de âldens fan 72 jier oan kanker.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

17 april1943201521 septimberBûtenpostDe LemmerDemokraten 66Nederlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MediafranchiseHylpen2008Koördinearre WrâldtiidKrisjnaWebsteePornofilmCarles Puigdemont22 julyArwen GoldISO 3166ToplessSeimunds pappegaaidoHylperskPierre WoodmanGonny GaakeerAlbum (muzyk)Harmony WonderSporthalLeppelbekMarika FruscioSeksuele penetraasjeNasjonaal Park YellowstoneJade Jantzen1859Jada StevensHongarijeSyprusDomeinnammeBoedismeDútslânJaylene RioAugustus OktavianusMegan SalinasArjen TerpstraJoyce OliveiraRhylee Richards1766Ensyklopedy4 maartBethany BenzMahabharata1925Beagle (skip)SeksboartersguodWikipedyJade KushMolekulêre biologyGeologyNoardfryskGraham SwiftGregoriaanske kalinderAlkoholismeEarmoedeShalina DevineHantsjemierFaasjeJ.R. CarringtonErflikheidslearDomtsjerke fan MessinaÇatalhöyükSeefdrukPaulina SeikolaKeningsleppelbekPilekaaneftigenDanyel Cheeks1990🡆 More