Hiermoardner

In hiermoardner is in persoan dy't him of har betelje lit foar it útfieren fan in moard yn opdracht fan in oar.

Sa'n moard wurdt dan in hiermoard neamd. De faak hearde Ingelske term foar in hiermoardner is hitman, en in hiermoard wurdt dan in hit neamd. Hiermoardners kinne freelance wurkje, d.w.s. gjin fêste opdrachtjouwer hawwe, mar it is ek mooglik dat se ta in foarm fan 'e organisearre misdie hearre (bgl. de maffia) en foar de lieder fan dy organisaasje op fêste basis lju út 'e wei romje. Yn beide gefallen is foar in hiermoard in yllegale oerienkomst nedich tusken de opdrachtjouwer en de hiermoardner. As de hiermoard útfierd wurdt, binne de hiermoardner en de opdrachtjouwer ûnder it strafrjocht allebeide like skuldich oan moard en krije se yn prinsipe deselde straf: de hiermoardner foar it begean fan moard en de opdrachtjouwer foar it mandélich wêzen oan en útlokjen fan moard.

Bekende hiermoardners

Inkele bekende (want feroardiele) hiermoardners binne:

  • Vincent "Mad Dog" Coll, in Iersk-Amerikaanske hiermoardner dy't foar maffiabazen Dutch Schultz en Owney Madden wurke.
  • Glennon Engleman, in Amerikaanske toskedokter dy't bybeunde as hiermoardner.
  • Christopher Dale Flannery, in kwea ferneamde Australyske hiermoardner.
  • Salvatore "Sammy the Bull" Gravano, in eardere 'ûnderbaas' fan 'e Gambino-maffiafamylje yn 'e Feriene Steaten, dy't letter ynformant foar de FBI waard.
  • Giuseppe Greco, in Sisyljaanske hiermoardner dy't teminsten 58 lju fermoarde yn 'e Twadde Maffia-oarloch.
  • Charles Harrelson, in Amerikaanske hiermoardner en de heit fan akteur Woody Harrelson.
  • Richard Kuklinski, in Amerikaanske hiermoardner dy't úthold dat er mear as 200 manlju fermoarde hie.
  • Marinko Magda, in Servyske hiermoarder feroardiele foar 11 moarden, wêrûnder dy fan in hiel Hongaarsk gesin.
  • Tommy "Karate" Pitera, in Italjaansk-Amerikaanske hiermoardner foar de Bonnano-maffiafamylje, dy't searjemoardnereftige persoansskaaimerken hie en in beleard fjochtsporter wie.
  • Frank "The Irishman" Sheeran, in Amerikaansk fakbûnsman en hiermoardner foar de maffia, dy't úthold dat er de bekende, spoarleas ferdwûne fakbûnslieder Jimmy Hoffa fermoarde hie.
  • Benjamin "Bugsy" Siegel, in Joadsk-Amerikaanske hiermoardner dy't mei Meyer Lansky oan it haad stie fan 'e Bugs en Meyer-maffia en teffens hiermoardner wie foar Murder, Inc. Hy wie de wichtichste hiermoardner foar de Italjaansk-Amerikaanske maffia ûnder de Drûchlizzing.
  • Alexander Solonik, in Russyske hiermoardner dy't mear as 30 bazen fan 'e Russyske maffia fermoarde.

Yn 'e popkultuer

Hiermoardners foarmje in tankber ûnderwerp foar films, fideospultsjes en sa mear. Dêryn wurde se faak foarsteld as sympatike lju, wat folslein foarbygiet oan harren keazen berop. Foarbylden fan films oer hiermoardners binne The American, mei yn 'e haadrol George Clooney as in yn Itaalje ûnderdûkte Amerikaanske hiermoardner, Assassins, mei Sylvester Stallone en Antonio Banderas as rivalisearjende hiermoardners, John Wick, mei yn 'e titelrol Keanu Reeves, dy't it tsjin in hiel misdiesyndikaat opnimt, en Léon, mei Jean Reno as in hiermoardner dy't tsjin wil en tank de soarch foar in jong famke (spile troch in pypjonge Natalie Portman) op him nimt.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

FreelanceIngelskMaffiaMoardOrganisearre misdiePersoanStrafStrafrjocht

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

ISO 3166-15 jannewarisVictoria GivensFerstoarHludaneTiffany Towers (pornografysk aktrise)Ynterprovinsjaal OerlisFryske gemeentenYnternetAlgerijeJoyce OliveiraAVN AwardMediaWikiBruce VentureAfganistanSeefdruk30 jannewarisVanda VitusFryske talenGrinslânUnbemanne fleanmasineGregoriaanske kalinderJean-Yves LecastelMahabharataWikidataLietJasmine BlackMaltaKylee Strutt2020BlauFilipinenRealitypornografyBluesMinsklike seksuele aktiviteitKultuerFideospultsjeShalina Devine2012RottekopAugustus OktavianusDuomo San RufinoBaronRock 'n rollMaría del Carmen CarricartBiskopNashville (Tennessee)1968John de MolFjoerBoedismeMilitêr transportfleantúchMirka Antolović-Tipurić1868Nasjonaal Park YellowstoneIngelsk6 maartSkaal fan RichterNeakenensKrisjnaDavid GilmourSlûsLeppelbekken2008Triem (ynformatika)1950-er jierrenSuze Boschma-BerkhoutFaasjeFellatio🡆 More