Maffia

In maffia is in type misdiesyndikaat dat as wichtichste taak hat om oerlis, arbitraazje fan rûzjes en it sluten yllegale oerienkomsten en transaksjes tusken rivalisearjende bindes mooglik te meitsjen.

Op dy manear wurdt foarkommen dat skelen tusken sokke bindes liede ta in iepen binde-oarloch dy't foar alle belutsenen neidielich is. De bindes dy't by in maffia oansletten binne, nimme gauris de foarm oan fan in misdiefamylje, d.w.s. in hiele famylje dy't by kriminele praktiken belutsen is. De wichtichste aktiviteiten fan sokke bindes binne oer it algemien yllegaal gokken, woekerjen, it ôfparsen fan betellings fan ûndernimmers yn ruil foar 'beskerming', drugssmokkel, drugshannel, yllegale prostitúsje en fraude.

Maffia
In ferliking fan 'e wichtichste maffiasyndikaten fan Itaalje.

Etymology

It wurd 'maffia' komt fan it Italjaanske mafia (mei ien f), dat útsprutsen wurdt as ['ma:fja] (likernôch: "maafja"). Oarspronklik komt it fan it Sisyljaanske eigenskipswurd mafiusu (yn it Standertitaljaansk mafioso), dat rûchwei "omstappend as in pau", "sweeslaand" of "opskeppend" betsjut, mar ek "dryst" of "stoer" betsjutte kin. As dermei ferwiisd waard nei in man, betsjutte mafiusu yn it njoggentjinde-iuwske Sisylje "ûnferfeard", "ûndernimmend" of "grutsk", mar as it tapast waard op in frou betsjutte is "tsjep" of "oantreklik".

Hoewol't de krekte woartels fan it wurd mafia ûndúdlik binne, wurdt wol tocht dat it fan oarsprong in lienwurd út it Arabysk west hat, mei't Sisylje fan 831 oant 1072 250 jier lang oerhearske waard troch de Arabieren en in islamitysk emiraat foarme. Arabyske wurden dêr't mafia fan ôflaat wêze kinne soe, binne: ma’afi (معفي, "útsletten', te witten: fan ferfolging, om't oan 'e belesting foar net-moslims foldien is), mahyas (مهياص, "agressyf", "opskeppend"), marfud (مرفوض, "ôfwiisd") of mu’afa (معافى, "beskerming"). De wierskynlikste kandidaat is marfud, dat him ûntjûn hawwe soe ta marpiuni ("oplichter"), en doe ta marpiusu en úteinlik ta mafiusu.

Soarten maffia

Oarspronklik wie de term 'maffia' inkeld in omskriuwing foar de Sisyljaanske maffia, mar geandewei de tweintichste iuw waard it in oerkoepeljende beneaming foar alle misdiesyndikaten yn Itaalje, en letter ek foar soartgelikense misdiesyndikaten yn oare dielen fan 'e wrâld. As 'maffia' sûnder fierdere tafoeging brûkt wurdt, ferwiist it nei de organisearre misdie yn Itaalje of, yn 'e kontekst fan 'e Feriene Steaten, nei de Italjaansk-Amerikaanske maffia. As it om misdiesyndikaten út oare dielen fan 'e wrâld giet, wurdt de oantsjutting 'maffia' kwalifisearre mei in eigenskipswurd, lykas Russyske maffia, Albaneeske maffia of Japanske maffia.

    maffia yn Itaalje
    maffia yn oare lannen
  • Albaneeske maffia
  • Amerikaanske maffia (of Italjaansk-Amerikaanske maffia; komt fuort út 'e Cosa Nostra)
  • Ierske maffia (benammen yn 'e Feriene Steaten)
  • Joadske maffia (benammen yn 'e Feriene Steaten)
  • Kkangpae (Koreaanske maffia)
  • Kolombiaanske drugsmaffia (of BACRIM, Bandas Criminales Emergentes)
  • Meksikaanske maffia
  • Poalske maffia (benammen yn 'e Feriene Steaten)
  • Russysk maffia (of Bratva)
  • Triaden (Sineeske maffia)
  • Yakuza (Japanske maffia)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Maffia EtymologyMaffia Soarten maffiaMaffiaBindeFamylje (besibskip)FeteGokkenKriminaliteitMisdieProstitúsjeÛndernimmer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

24 aprilGrutte Priis Formule 1 fan Brazylje 2007Preeti en Priya YoungOanslachPiet MiedemaDyami MillarsonFeanster FeartDeaGrutte Heitelânske KriichList fan geiterassenSan DiegoTamboraEuropean Girls Adult Film DatabaseDownloadIt Dronkene SkipPornhub1780ThundermotherYvette Bova9 junySjongfûgelsMarianna MadiaSúdlaren8 febrewarisRiemkje PitstraMidden-AmearikaBurj KhalifaUbbenaFerstjerrenGaya PatalAnnejoke SmidsDûbaiPornoakteurSisca FolkertsmaList fan sterke tiidwurden yn it FryskRoemeenskReidsjongersTaeke Jitze BotkeBrazilian waxOentsjerkSieds Johannes Rienks5 augustusMeso-AmearikaSlach om BerlynMasturbaasjeAnusNel BenschopAsa fan JudaFeriene KeninkrykWikipedia8 desimberJ.R. CarringtonFrysk hynderAssenYndoneezjeHavana GingerCharles Robinson (yllustrator)1 augustusItalyske talenAlexa FlexySamoähunningiterMeksikoGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2001MadagaskarJarretankTonger (god)Sekshâlding11 septimber🡆 More