Geografyske Súdpoal

De geografyske súdpoal is it einpunt fan alle meridianen.

Tegearre mei ien punt op de nulmeridiaan leit de lokaasje fan de geografyske súdpoal de koördinaten fêst foar elts plak op ierde. De geografyske súdpoal leit op, of strikt naam ûnder, it poaliis fan de Antarktika.

Geografyske Súdpoal
Kaart fan Antarktika mei:
1 : Geografyske súdpoal
2 : Magnetyske súdpoal (yn 2007)
3 : Geomagnetysle súdpoal
4 : Súdpoal fan ûntagonklikens

Rotaasje

De geografyske súdpoal is in standarisearre ferzje fan de súdpoal, it plak dêr't de ierdas it ierdopperflak snijt. It is standarisearre om't troch de Chandler skommeling de ierdas in bitsje beweegt, en koördinaten basearre op de súdpoal dêrmei ek feroarje soenen.

Koördinaten

Yn it standert koördinatenstelsel leit de geografyske súdpoal op 90° S, njoggentich graden suderbreedte. Om't it it súdlikste punt fan de wrâld is, is elts punt, en dêrmei eltse rjochting, fan dêr út noardlik. De geografyske súdpoal is it einpunt fan alle meridianen, sadat de geografyske súdpoal op eltse geografyske lingte leit. Meastal wurde lykwols 0° E of 0° W brûkt.

Tiid

De geografyske súdpoal leit yn teory ek yn alle standert tiidsônes. Der is lykwols in ôfspraak oer de tiid dy't jildt yn gâns it Súdpoalgebiet. Om de tiid yn de ferskate súdpoalstasjons lyk te hâlden is de tiid oeral yn it poalgebiet gelyk oan UTC. Fansels is dit in abstraksje om't der gjin dúdlik ferrin fan de dei is op de súdpoal. De iene helte fan it jier is der it ljocht fan de poaldei, de oare helte fan it jier is der it tjuster fan de poalnacht.

Tags:

AntarktikaMeridiaanNulmeridiaan

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Vladimir PûtinSkimmelsYggdrasilOflûken (seksualiteit)HavenNaughty AmericaHarley RaineDirck CamphuysenDrugsEastfryskBlondie (pornografysk aktrise)Miss Montreal (band)SkiftRachel AzianiTemperatuerSavana GingerArmeenjeRôfdierenPornografy2020WikipedyGeslachtsmienskipSinaMagrebsliepmûsRêchstringdierenMaleizjeNeakenmodelSietske PoepjesShae Summers20067022 maaieKeningsleppelbekEverswynFeriene KeninkrykDead LordMoskwaJureka del Mar2009GalysjeAllegoryApheliumNicole OringRichard LanginSaya SongYnsektenHelpNeptunus (planeet)FacebookGaya PatalLaura Gemser1871BibelJeropaPornoakteur12 novimberFryslânPalestinenFroukje VeenstraSintrale Delling (Kalifornje)BaalbekMontevideo69 (sekshâlding)Franklin D. RooseveltJohan DerksenHaukfûgelsJokbonke25 aprilKazachstanHûntsjeshâlding🡆 More