In poalsirkel is of it Noardpoalsirkel of de Súdpoalsirkel.
Op de ierde leit de Noardpoalsirkel op 66˚ 33' 38" noarderbreedte en de Súdpoalsirkel op 66˚ 33' 38" suderbreedte. De gebieten tusken de poalsirkels en de poalen (de noardpoal en de súdpoal) binne de poalgebieten.
Op de poalsirkels komt de sinne ien dei fan it jier net op en giet er ien kear yn it jier net ûnder. It tal dagen dat de sinne net opkomt of net ûndergiet wurdt grutter as hja fan de poalsirkel ôf yn de rjochting fan de poalen geane
It plak dêr’t de sinne ien dei yn it jier net ûndergiet ferskilt per jier. Dan leit it plak noardliker, dan wer súdliker fan de poalsirkel. Elts jier hat dus in eigen poalsirkel. De breedte fan 66,5 is trochstrings it plak fan dit barren.
Krekt op de geografyske Noardpoal en de geografyske Súdpoal giet de sinne in heal jier net ûnder (de poaldei) en komt er in heal jier net op (de poalnacht).
Yn de mjitkunde binne de poalsirkels lytssirkels.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Poalsirkel, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.