Eilat

Eilat of Elat (Hebriuwsk: אילת;) is in stêd yn it fierste suden fan Israel oan de Golf fan Akaba, in útrinner fan de Reade See.

Eilat leit op mar trije kilometer fan it Jordaanske havenplak Akaba. It Egyptyske plak Taba leit ek ticht by Eilat.

Eilat
Eilat
Flagge Wapen
Eilat Eilat
Polityk
Lân Eilat Israel
Disrikt Súd-Israel
Histoaryske regio Negev
Sifers
Ynwennertal 48.946 (2014)
Oerflak 84,8 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 578 / km²
Hichte 5-16 m
Oar
Stifting 1951
Tiidsône UTC+2
Simmertiid UTC+3
Webside Webstee Eilat

Toerisme

Eilat is in populêr baaiplak. De sinne skynt der it grutste part fan it jier (360 sinnedagen) en de minimumtemperatuer komt net ûnder de 20 graden Celsius (yn jannewaris is it trochsneed maks. temp. 21 graden en yn july 41 graden). It koraalrif fan de Reade See by Eilat is it meast noarlike fan de wrâld. Teffens binne der in protte dolfijnen yn de see by Eilat. De stêd is ek in útfalsbasis foar in ferkennen fan oare dielen fan Israel, Egypte en Jordanië.

Eilat lûkt ûnder mear toeristen om reden fan:

  • De ûnderwetterwrâld;
  • Salomo's Pylders yn it nasjonaal park Timna, in heal oere riden benoardeasten Eilat
  • IMAX 3D Sinema
  • ferkenning fan de Negevwoastyn
  • Ekskursjes nei it skiereilân Sinaï yn Egypte
  • De histoaryske stêd Petra en oare plakken yn Jordanië
  • It observearjen fanom fûgeltrek, yn maitiid en neijier.

Underwiis

Yn 2002 iepene de Ben-Gurion-Universiteit fan de Negev (Be’er Scheva) yn Eilat in kampus. Yn 2005 hie itt filiaal 300 studinten.

Nederlân, België en Eilat

De earste boargemaster fan Eilat, Hanoch Nenner, wie in Nederlanner. Hy wie boargemaster fan 1951 oant 1959. Hjoed de dei hat de stêd in lytse Nederlânsksprekkende mienskip.

België en Nederlân hawwe beide in konsulaat yn de stêd, dy't fral tsjinsten ferliene oan toeristen yn it baaiplak.

Stedebannen

Tags:

Eilat ToerismeEilat UnderwiisEilat Nederlân, België en Eilat StedebannenEilatAkaba (stêd)EgypteGolf fan AkabaHebriuwskIsraelJordaniëReade See

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

24 maartAlberto AscariT-sekshâldingSandy MilzFerstjerrenJazzFryskC14 febrewarisIlse DeLangeElizabeth Bowes-Lyon2003MarketingNoardgermaanske talenThe Monuments MenEHendrik Goeman BorgesiusWeblochUtwreiding fan de Jeropeeske UnyJeropaEtiopyske kalinderLisa AnnKavaleryMargareta Drummond, keninginne fan SkotlânManchester City FCY8e iuwManchesterList fan grutste stêden yn DútslânDe Bining (Easternijtsjerk)Pete's Dragon (film út 2016)RugbyMollemakleasterPrimatenSineeske kalinderUnyrugby3OktaafWilfred GeneeMiranda WerkmanWet62Neakenens27 febrewarisL1876WierumShay FoxPraachSlowakijeIuwAlde LeieJewels JadeSwarte SeeYndiaDútsk1963Halona VogNeakenmodelHarry Truman2e iuwNGeslachtsidentiteit2022Sint-Marten (lân)9 oktober1933God1865198218441931🡆 More