Dongeradielster Brekking

De Dongeradielster brekking is in foarm fan it taalkundich ferskynsel brekking.

It Frysk as gehiel ken de âldere brekking, dy't him yn 'e Midsiuwen foardien hat, en de nijere brekking, dy't him foar it earst om 1820 hinne oppenearre. De Dongeradielster brekking is lykwols in trêde fariant fan dit ferskynsel, dy't, sa't de namme al oanjout, ta it Noardhoekske dialekt beheind bleaun is dat (ûnder mear) yn 'e Dongeradielen sprutsen wurdt. Dêrby binne wurden mei in [u] (koarte û fan "rûch") dy't yn it Standertfrysk dat lûd holden hawwe, brutsen ta in [wo]-klank (uo fan "guod"). Foarbylden binne:

Standertfrysk Noardhoeksk
bûse buosse
bûter buotter
mûle muolle

Oars as de âldere en de nijere brekking makket de Dongeradielster brekking gjin diel út fan it Standertfrysk.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boelens, K., et al., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.
  • Duijff, Pieter, Fries en Stadsfries, De Haach, 2002 (Sdu Uitgevers), ISBN 9 01 20 90 156.
  • Haan, G.J. de, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).

Tags:

1820Brekking (taalkunde)DialektDongeradielFokaalFryskMidsiuwenNijere brekkingNoardhoekskTaalkundeÂldere brekking

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Grou (plak)Westerkertier (gemeente)Jenna BrooksMarianetrôchBaskyskMegan VaughnNasjonaalsosjalismeKatedraal fan OtrantoBlauSalomonseilannenServjeTurkskMickey MouseProstitueeWilhelmusGamal Abdel NasserKya TropicSkrikkeljier fan tongersdei ôfJasmine AlohaTeksasOflûken (seksualiteit)Frysk Ynternasjonaal KontaktSlavyske talenInterstellar (film)Ines Ridere2008Keiran LeeHelen DuvalAlbum (muzyk)PornoakteurFryske talenGeologyNij-Guineä1992YnternetRottekopDomeinnamme20111968SûkerbôleWoansdeiHongarijeBoedismeMirka Antolović-TipurićArjen TerpstraNashville (Tennessee)Fryske gemeentenPornografyLexi DiamondOlivia del RioBoyl1896Triem (ynformatika)SlûsWikidata20174 maartLytse leppelbekMaya BijouSêfte pornografyNederlânske gemeenteNeakenensTsjaadHeather LeeKleanKatedraal fan NotoBruce VentureNoetseleHavana GingerRopletters🡆 More