Nijere Brekking

De nijere brekking of Nijfryske brekking is in foarm fan brekking en in taalkundich ferskynsel dat yn 'e grammatika fan it Frysk in wichtich plak ynnimt.

Hjirby ferskowe in seistal twalûden fan klank as it grûnwurd ferbûgd wurdt, en dêrby feroarje se fan in ôfgeand twalûd yn in opgeand twalûd. De nijere brekking is in frij resinte fernijing, dy't him om 1820 hinne foar it earst yn it Frysk oppenearre. It ûntstean fan dit ferskynsel jildt yn 'e Fryske histoaryske periodisearring as de oergong fan it Midfrysk nei it Nijfrysk.

Hjirûnder de brekking fan fiif belutsen twalûden (de ue brekt net):

twaklank IPA grûnwurd útspraak ferbûgde foarm útspraak
ea [ɪ.ǝ] beam [bɪ.ǝm] "bì-em" beammen ['bjɛmǝn] "bjemmen"
ie [i.ǝ] stien [sti.ǝn] "sty-en" stiennen ['stjɪnǝn] "stjinnen"
oa [o.ǝ] doas [do.ǝs] "do-es" doaske ['dṷɑskǝ] "dwaske"
oai [o:i̭] moai [mo:i̭] "moa-y" moaier ['mṷa:iər] "mwaajer"
oe [u.ǝ] hoed [hu.ǝt] "hû-ed" huodden ['hṷodən] "hwodden"
regionaal ek:
ue [y.ǝ] flues [fly.ǝs] "flú-es" fluezzen ['fljœzǝn] "fljuzzen"

Foàr 1820 kaam dit ferskynsel net foar, en moat it Frysk sadwaande in hiel oare klank hân hawwe. It Súdwesthoeksk ûnderskiedt him fan 'e oare trije Fryske haaddialekten trochdat yn dat dialekt de nijere brekking nea trochfierd is. Ek yn 'e lytse eilândialekten (Aastersk, Skylgersk en Skiermûntseagersk) en it Hylpersk komt de nijere brekking net foar.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boelens, K., et al., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.
  • Dijkstra, F.B., Stavering, Ljouwert, 1991 (Afûk), ISBN 9 06 27 34 537.
  • Duijff, Pieter, Fries en Stadsfries, De Haach, 2002 (Sdu Uitgevers), ISBN 9 01 20 90 156.
  • Haan, G.J. de, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).

Tags:

1820Brekking (taalkunde)FryskGrammatikaMidfryskNijfryskTaalkunde

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

GriiskopspjochtSahatsa JaureguiRussyskFryske KlassikenJan Hepkes WoudaGina GersonMay ThaiSymboalNoard-NederlânMoriah MillsAfro-AmerikanenCees DoumaDútslânNoarskSiren ThornBoergonje (regio)AbbekaatArgusflinterIuwKultuerStasjon Vries-SúdlarenTiidsôneTreinFryske talenMia LiMargot BegemannPenisRotterdamFrozen IIKraachdoCharlie ChaplinAfrikaanske pappegaaidoISO 3166-1WrâldsûnensorganisaasjeBordeelFûgels1733YndoneezjeBeskerme steds- en doarpsgesichten yn FryslânSwedenSúd-KoreäEkshibisjonismePeta JensenSclaters kroandoAleppoCandy MansonHarmony WonderThe New York TimesISBNJohan Vegelin fan Claerbergen69 (sekshâlding)Dûbele penetraasjeSophie HilbrandKlaaifryskAlice RomainNoard-WillemskanaalAlle SmedingFersekeringSaaremaa (eilân)SansibaroarlochVladimir Solovjov (filosoof)418Inga RidereKunnilingusPriya Price🡆 More