Donato Giancola

Donato Giancola (Colchester (Fermont), 1967) is in Amerikaansk yllustrator en boekbânûntwerper fan etnysk Italjaansk komôf.

Hy hat him spesjalisearre yn it meitsjen fan keunst dy't heart ta de sjenres fan fantasy en science fiction. Giancola, dy't yn 'e Italjaanske keunstnerstradysje faak inkeld mei syn foarnamme Donato oantsjut wurdt, hat 3 kear in Hugo Award wûn en dêropta in World Fantasy Award en 18 Chesley Awards.

Donato Giancola
Donato Giancola keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Donato Giancola
nasjonaliteit Donato Giancola Amerikaansk
berne 1967
berteplak Colchester (Fermont)
etnisiteit Donato Giancola Italjaansk
wurkpaad
wurksum as yllustrator, boekbânûntwerper
jierren aktyf 1989 – no
prizen   3x Hugo Awards
  1x World Fantasy Awards
18x Chesley Awards
offisjele webside
www.donatoart.com

Libben en karriêre

Giancola waard yn 1967 berne, en is hikke en tein yn Colchester, op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Fermont, yn 'e neite fan Burlington. Hy die earst in stúdzje elektrotechnyk oan 'e Universiteit fan Fermont, mar briek dy yn 1989 ôf om in keunstoplieding te folgjen oan 'e Syracuse Universiteit, yn Syracuse yn 'e steat New York. Dêr studearre er yn 1992 ôf mei in bachelortitel. Tsjintwurdich wurket Giancola yn 'e New Yorkske borough Brooklyn, dêr't er wennet mei syn frou en beide dochters.

Giancola omskriuwt himsels en syn keunst as in "klassyk-abstrakt reälist dy't mei science fiction en fantasy wurket". Syn favorite keunstners út it ferline binne Hans Memling, Jan van Eyck, Diego Velázquez, Caravaggio, Johannes Vermeer, Piet Mondriaan, Rembrandt van Rijn, Peter Paul Rubens en Tytsiaan. Sels waard Giancola it bekendt troch syn yllustraasjes fan it sammelderskaartspul Magic: The Gathering. Under fans fan dat kaartspul is er wiidferneamd en stiet er heech yn oansjen. Dêrnjonken hat Giancola ek omslaggen makke foar romans, û.m. foar de útjouwerij DAW Books. Dêrûnder binne twa dielen fan 'e Foreigner-searje fan C.J. Cherryh (Pretender en Deliverer) en it grutste part fan 'e Green Rider-searje fan Kristen Britain (The High King's Tomb, Blackveil, Mirror Sight en Firebrand).

Yn 2008 waard Giancola yn 'e krante de Bennington Banner omskreaun as "wierskynlik de populêrste en súksesfolste science fiction/fantasy-keunstner fan dit momint". Giancola wûn yn 2006, 2007 en 2009 de prestizjeuze Hugo Award foar bêste profesjonele omslachkeunstner; dêrnjonken hat foar dyselde priis noch seis oare kearen nominearre west. Yn 2004 wûn er fierders de World Fantasy Award foar bêste keunstner, en teffens hat er troch de jierren hinne mar leafst 18 Chesley Awards fan 'e Association of Science Fiction and Fantasy Artists (ASFA) binnenhelle, wêrûnder yn 2002 de Chesley Award yn 'e kategory grutste artistike prestaasje.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

1967BoekbânChesley AwardEtnyske groepFantasy (sjenre)Feriene SteatenFermontFoarnammeHugo AwardItaljanenKeunstScience fictionWorld Fantasy AwardYllustrator

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

TueringenLjouwerter KranteDick Wilson (stammepresidint)PinsjoenKristendomHeather Lee69 (sekshâlding)Gregoriaanske kalinder3401 f.Kr.AlpenJudas Iskariot2300Rhode IslandFrysk801BelfastArgentynjeNew York CityJoko WidodoGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2018KryptogramThea BeckmanBorough (Feriene Steaten)Kristina LionGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2010Skriuwer2000 f.Kr.Austraalje (lân)SelebesseeGemme fan BurmaniaLockheed F-104 StarfighterClara MorganeMichelle ObamaYnternetThüringenGreenwich Mean TimeGrutte Priis Formule 1 fan Japan 2012Maria Curie-SkłodowskaNedersaksenTaj MahalPeterhôf (stêd)Joyce Oliveira25 desimberJob CohenHanns Eisler1918Grutte Priis Formule 1 fan Japan 20141790Súdsineeske SeeGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2017FinlânStedumRuslânDe SionsberchLionel Messi32e iuw f.Kr.Frysktalige WikipedyWalrus7 febrewarisFuotbalBosnjeLannen en territoariaGrykskAudiSan FransiskoAleksander I fan RuslânGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2011Noard-IerlânFormule 1 yn 2010Alexa Flexy29 maaieOblast Orenburg🡆 More