Donald Ervin Knuth (Milwaukee, 10 jannewaris 1938) is in Amerikaansk ynformatikus.
Don Knuth waard berne yn Milwaukee. Hy is heechlearaar oan de Stanford-universiteit, tsjintwurdich mei emeritaat, en wurdt yn brede fermiddens beskôge as dee heit fan de ynformatika.
Syn wurk "The Art of Computer Programming" hat him by eltsenien dy't profesjoneel mei Programmearjen te krijen hat al by libben ta in leginde makke. It bestiet út:
De lêste fjouwer dielen fan syn magnum opus binne noch net ferskynd, mar Knuth wurekt der noch fierder oan, ûndanks syn emeritaat. Fan diel fjouwer binne wyls wol inkele stikken (saneamde fascicles) publisearre.
Neist de folle beskriuwings fan algoritmen, dy't in standertwurk bine, hat Donald Knuth ek in soad wurk dien om programmeertechniken te ûntwikkeljen. Ien fan de techniken dy't hy ûntwikkele is it saneamde literate programming: de programmakoade befat net allinnich de ynstruksjes foar de kompjûter, mar ek de folsleine dokumintaasje foar it programma. Om dit yn de praktyk te bringen hat Donald Knuth sels de programmeartaal Web ûntwikkele, dy't net ien, mar twa compilers hat: tangle en weave neamd. De iene set de boarnekoade oer nei programmakoade, en de oar nei dokumintaasjekoade. Om it web fan alles te kompletearjen waard de dokumintaasjekoade ek yn de foarm fan in programmeartaal makke.
Untefreden mei de wize wêrop syn boeken foarmjûn wurde troch wittenskiplike útjouwers, begûn Knuth ± 1970 oan in programmaatsje om it better te dwaan. Hoewol't hy hjirfoar op in sabbatical yn it eartstoan in heal jier útlutsen hie groeide it út ta in projekt fan in jier as tsien, oarspronklik skreaun yn Pascal, letter yn de al neamde taal Web. Net allinnich it programma mar ek de boarnekade waarden iepenbier makke, en Knuth love beleaningen út foar eltsenien dy't in bonafide bug fine koe. (Dit koste him net safolle jild as jin tinke soene want ten earste makke hy net folle fouten en ten twadde listen de measte ûntfangers soksoarte cheque leaver yn oan de muorre as him te ynkassearen: it bewiis datst in bug fine kind hast yn de koade fan Knuth driuwt dyn prestaasje as programmeur sterk de hichte yn.) Dizze opmaaktaal waard TEX neamd (dizze wat omslachtige orizjinele skriuwwize is letter ferfongen troch TeX). TeX (sprek út: "teg", net "teks"; dit omdat de lêste letter de Grykske "chi" foarstelt) waard op himsels wrâldferneamd en wurdt noch altiten benammen yn de wiskunde, natuerkunde en ynformatika in soad brûkt. TeX waard kompletearre mei it programma Metafont dat lettertypen oanmeitsje en oanpasse kin. It is wyls ien fan de meast bugfrije programma's dy't bekend binne.
Sûnt syn emeritaat jout Donald Knuth net allinnich kolleezjes yn de ynformatika, mar ek op oare gebieten lykas syn religieuze ideeën is hy in drokbeset sprekker.
Donald E. Knuth, The art of computer programming, Volume 1: Fundamental Algorithms, Third Edition (Reading, Massachusetts: Addison-Wesley, 1997), xx+650pp. ISBN 0-201-89683-4
Donald E. Knuth, The art of computer programming, Volume 2: Seminumerical Algorithms, Third Edition (Reading, Massachusetts: Addison-Wesley, 1997), xiv+762pp. ISBN 0-201-89684-2
Donald E. Knuth, The art of computer programming, Volume 3: Sorting and Searching, Second Edition (Reading, Massachusetts: Addison-Wesley, 1998), xiv+780pp.+foldout. ISBN 0-201-89685-0
Donald E. Knuth, The Art of Computer Programming, Volume 4:
Donald E. Knuth, Things a computer scientist rarely talks about (Stanford California: CSLI Publications, 2001), xi+257pp. ISBN 1-57586-327-8
"Beware of bugs in the above code; I have only proved it correct, not tried it." (Pas op foar bugs yn de koade hjirboppe; ik haw allinnich mar bewiisd dat hy goed is, ik haw him net útprebearre.)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Donald Knuth, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.