Dominatriks

In dominatriks (mt.: dominatrises), koartwei ek wol domina neamd, of masteresse, is in frou dy't de dominante rol oannimt op it (seksueel-fetisjistyske) mêd fan bondaazje en SM.

Dêrby kin in dominatriks sawol homoseksueel, heteroseksueel as biseksueel wêze, al hat har persoanlike seksuële oriïntaasje der net needsaaklikerwize ynfloed op hokker geslacht oft fan har ûnderdienige sekspartners hawwe.

Dominatriks
Masteresse
Ofbyld makke troch Édouard-Henri Avril

De rol fan in dominatriks omfiemet faak it tatsjinjen fan pine oan har partner, mar net altyd; har dominânsje kin ek ferbaal utere wurde, of troch it optwingen fan fernederjende taken of fan algemiene tsjinstberheid. Dominatrises kinne professionals wêze dy't troch harren partners foar harren tsjinsten betelle wurde, mar froulju kinne de namme fan dominatriks ek gewoan yn harren privee-sekslibben oannimme. No't seksueel-fetisjistyske subkultueren har yn 'e Westerske kultuer almar iepentliker foardogge, komme werjeften fan dominatrises yn media as film en tillefyzje ek stadichoan faker foar.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

BiseksualiteitFrouGeslacht (sekse)HeteroseksualiteitHomoseksualiteitSado-masogismeSeksSeksuële oriïntaasje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

WebsteeESyrillysk alfabet1978Stynske weet$HaadsideMiddelbrêgeRegio's fan FrankrykMonargyWilfred GeneeBelgjeOmsetFrankryk2003Microsoft WindowsSekonde1980FinlânVolksbond tegen DrankmisbruikBûtanBrazilian waxT-sekshâldingAnna BoleynAberystwythOktaaf1928New York (steat)Long Shot (film út 2019)FKarakterisearringGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2019Miranda WerkmanGrutte-boarstesjenreJoaden1939WierumKeulenBarranquillaLil BabyMadagascar (film út 2005)Turksk1 maartAustraalje (lân)TPrince YahshuaSina1809Cayden MooreLittenseradielSnieMichelle TuckerKeatsen1970-er jierrenDrakensberchtmeSweden1865Kleur26 maart1920Oflûken (seksualiteit)HaskerlânMasturbaasjeAppelskea🡆 More