Dimitri Van Toren

Dimitri van Toren, echte namme: Jan van Tooren (Breda, 16 desimber 1940 – Reusel, 21 maaie 2015) wie in Nederlânsk sjonger en ferdivedaasjekeunstner.

Dimitri van Toren
Dimitri Van Toren sjonger en/of muzikant
Dimitri van Toren (1974)
Dimitri van Toren (1974)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan van Toren
nasjonaliteit Dimitri Van Toren Nederlânsk
berne 16 desimber 1940
berteplak Breda
stoarn 21 maaie 2015
stjerplak Reusel
wurkpaad
sjenre trûbadoer
sjongtaal Nederlânsk
ynstrumint Gitaar
jierren aktyf 1963-2015

Wurkpaad

Nei de middelbere skoalle studearre er oan de Akademy foar de Frije Keunst. Yn 1963 die er mei oan in talintejacht en waard twadde. Van Toren syn karriêre begûn by de groep The Headlines, dy't de single De nozempjes útbrochten. Letter siet Van Toren yn de groep The Lettersets en sette er út ein mei it skriuwen fan eigen teksten en lietsjes. Nei it opheffen fan dy band gie er solo fierder om syn eigen nûmers út te fieren. Yn 1966 kaam syn earste lp út. Van Toren waard bekend mei syn hits Hé, kom aan (1973), Een lied voor kinderen en Mooi, je bent de mooiste. Totaal hat er mear as tweintich lp's útbrocht.

Yn de jierren tachtich woe Van Toren wat mear ta rêst komme en ferfear nei Yndia. Dat smiet yn 1990 in nij album op, ynspirearre troch de Yndiaaske kultuer ûnder de titel Alsof de maan de aarde kust. Ien fan de nûmers wie wer Hé, kom aan, ditkear foar ien kear yn 'e mande mei Flairck.

Van Toren wenne sûnt 1994 yn Brabân, yn Reusel. Hy stoar nei in slimme sykte yn de âldens fan 74 jier.

Diskografy

Albums

Op lp

  • 1966 Dimitri van Toren (heruitgegeven as Hé, kom aan)
  • 1968 Tussen hemel en aarde
  • 1969 De gelaatstrek van een lied
  • 1970 Naar een onbekende omhelzing
  • 1970 Dimitri Van Toren '63 - '64
  • 1972 Warm en stil
  • 1973 Zullen we dansen of hard weglopen
  • 1973 Een portret van Dimitri Van Toren
  • 1973 In de Teerstoof
  • 1974 Dimitri Van Toren
  • 1975 Een nieuw portret van Dimitri Van Toren
  • 1976 Door dromen getekend
  • 1977 Uiterlijk Wel Innerlijk Nooit
  • 1979 Scène Rustique
  • 1980 Met 'n beetje geluk
  • 1981 En soms waait er zoiets als vrede door mijn hart
  • 1983 Drijfkracht
  • 1986 Het beste van Dimitri Van Toren

Op lp en cd

  • 1988 Dwars door het pretpark
  • 1989 Alsof de maan de aarde kust

Op cd

  • 1991 Afwachtend en Oplettend
  • 1992 En dan weer daar
  • 1994 Onder dezelfde zon
  • 1995 Dimitri Toren 30 jaar
  • 1998 Verder almaar dichter
  • 2000 Hé, kom aan 2000/Mijn generatie (2005)
  • 2002 De vertelling gaat door

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Dimitri Van Toren WurkpaadDimitri Van Toren DiskografyDimitri Van Toren16 desimber1940201521 maaieBredaNederlânSjonger

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Voodoo (pornografysk akteur)Augustus Oktavianus24 aprilAVN AwardAubrey KatePornoaktriseSêfte pornografyCountry Music Association AwardGemeenten fan NederlânSeksuele yntimidaasjeSeksboartersguodOflûken (seksualiteit)BasketbalDomtsjerke fan MessinaYnterprovinsjaal OerlisEjakulaasjeGokkenTsjechoslowakijePornografy1968199226 febrewarisBaronSlûsEastlike greidwrotmûsGNU/FDLAleksander PûsjkinPornofilmKatedraal fan CaltagironeLeppeltsje-leppeltsjeKatedraal fan UdineKatedraal fan TorcelloDreves UitterdijkFingerjenKleurTsjaadDomeinnammeFryskRedbadGraham SwiftBeagle (skip)Jasmine BlackLatynKira Eggers1557SyprusHillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan PompeiLimoerhalskankerFrouAnale seksBeierske wrotmûsRealitypornografyKeallepoat22 aprilPeter Bosz2023Austraalje (lân)HylperskEastlike fjildmûsMaltaOrale seksLibbenSkrikkeljier fan tongersdei ôf🡆 More