Dakota's

De Dakota's is in oantsjutting dêr't de Amerikaanske steaten Noard-Dakota en Súd-Dakota ûnder beflapt wurde.

Histoarysk wie it de oantsjutting foar it Dakota-territoarium, dat bestie tusken 1861 en 1889, foarôfgeande oan 'e opnimming fan Noard- en Súd-Dakota as folweardige steaten yn 'e Amerikaanske Uny. De term wurdt noch altiten wol brûkt om 'e mienskiplike kultuer, sosjology, ekonomy, etnysk erfskip, geografy en floara en fauna fan 'e beide steaten oan te jaan, of gewoan as in ôfkoarting sadat men se net beide hoecht op te neamen.

Dakota's
De lokaasje fan 'e Dakota's yn de Feriene Steaten.

De beneaming "Dakota" is ôfkomstich fan 'e namme fan it Yndiaanske folk fan 'e Dakota, dat yn 'e njoggentjinde iuw yn súdlik Minnesota en de eastlike Dakota's libbe (en no benammentlik reservaten yn 'e Dakota's, Montana en Nebraska bewennet). Noard- en Súd-Dakota hawwe tegearre in befolking fan likernôch 1.460.000 minsken op in mienskiplik oerflak fan sa'n 383.000 km², wat in befolkingstichtens fan 3,8 per km² opsmyt. De befolking is fierhinne fan Noardjeropeesk komôf, mei hege persintaazjes Dútsers (44,9%), Noaren (21,8%) en Ieren (9,6%). Teffens hawwe de Dakota's yn ferhâlding ta oare regio's fan 'e Feriene Steaten in heech persintaazje Yndianen, benammentlik Lakota en Dakota, mei yn Noard-Dakota ek guon Odjibwe. It klimaat fan 'e Dakota's is in fochtich lânklimaat, mei waarme oant hjitte simmers en kâlde oant sels suver Arktyske winters.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

18611889Amerikaanske steatenEkonomyEtnyske groepFaunaFeriene SteatenFloaraGeografyNoard-DakotaSosjologySúd-Dakota

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

28 junyHaadwurdJade KushIsaac Newton10 desimberArameeskStomme film1963Sean LawlessStasjon RijssenWikipedySozialdemokratische Partei DeutschlandsStasjon HoltenDedzjumFerspriedingsgebietKapri StylesRijssen-HoltenHTMLSjongerGNU/FDLMiddellânske See11e iuw f.Kr.Wyt-RuslânFlechtleaze fûgelSineeske kalinderGrutte PierTerrorisme2006Mya NicholeSandy MilzVanessa SkyGermanenOekraïne16 aprilNoelle EastonKya TropicWylpreagerfûgelsKeunsttaalTechnologyFerkrêftingBrulloftBruce VentureWûnseradielMoriah MillsSven KramerJan Krol (akteur)2011TailânHûnVikram SamvatAb urbe conditaOlivier van de VoortOarehelte1958DresdenBasketbal op de Olympyske Simmerspullen 1936Leisure Time EntertainmentDomtsjerke fan PisaSeptember ReignFingerjenWillem III fan Oranje-NassauRuslânGebouMaya BijouDouglas A-1 SkyraiderEgbert van 't OeverSoapsearje1822Shae SummersCherokee d'AssBotswana🡆 More