In lânklimaat of kontinintaal klimaat is in klimaat mei ekstreme temperatueren yn simmer en winter.
Dêrmei is it tsjinoerstelde fan in seeklimaat dat him kenmerke troch koele simmers en sachte winters.
Lânklimaat komt allinnich foar yn lannen op it noardlik healrûn, bygelyks yn Ruslân, Kazachstan, Mongoalje, de Feriene Steaten fan Amearika, Kanada ensfh. Allegear binne dat lannen mei gebieten dy't fierwei it lân yn lizze, dêrtroch is de ynfloed fan de oseaan en seeën folle minder. Omdat it lânoerflak relatyf drûch is waarmet it maklik op en kuollet it gau wer ôf. Dêrtroch rinne de temperatueren simmers ekstreem heech op, en yn de winter sakje se ekstreem.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Lânklimaat, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.