Christopher Marlowe

Christopher Marlowe, bynamme Kit (Canterbury, doopt 26 febrewaris 1564 – Deptford, 30 maaie 1593) wie in wichtich Ingelsk dichter, toanielskriuwer en oersetter.

Hy wie in tiidgenoat fan William Shakespeare, dy't ek fan him beynfloede waard, en keninginne Elisabeth I.

Christopher Marlowe
Anonym portret; der wurdt oannaam dat it Christopher Marlowe sjen lit
Christopher Marlowe
Hânskrift fan Christopher Marlowe; hantekening ûnder in testamint 1585, Canterbury

Biografy

Marlowe wie in soan fan skuonmakker John Marlowe en Catherine yn Canterbury. Hy studearre mei in beurs yn Cambridge dêr't er syn Bachelor of Arts-graad helle yn 1584. Hy wenne fan sa'n 1586 ôf yn Londen.
Yn Londen joech er him by The Lord Admiral's Company ûnder lieding fan de ferneamde akteur Edward Alleyn en sette útein mei it skriuwen fan toanielstikken. Hy krige suver fuortendaliks súkses en skynt befreone west te hawwen mei Thomas Kyd. Ek sir Walter Raleigh wie in freon en lju as Thomas Harriott, de ferneamde astronoom, en de toanielskriuwer Matthew Royden wiene kunde fan him.

Christopher Marlowe 
Old Court fan Corpus Christi College, Cambridge, dêr't Marlowe as studint húsmanne

Oer syn libben witte wy net folle en allinne út yndirekte boarnen. Op 18 maaie 1593 kaam der in arrestaasjebefel foar Marlowe. In reden dêrfoar waard net jûn, mar der wurdt wol tocht dat der in ferbân wie mei beskuldiging fan godslaster. Op 20 maaie waard er foar it gerjocht ûnderfrege. In ferslach dêrfan is der net; hy moast lykwols alle dagen dêrnei foar de rjochtbank ferskine oant "licensed to the contrary." Tsien dagen letter wurdt er deastutsen troch Ingram Frizer yn de herberch fan Eleanor Bull yn Deptford. Oft dat te meitsjen hie mei syn arrest is nea dúdlik wurden. Guon wolle hawwe dat in diskusje oer "the reckyninge" fataal foar Marlowe betearde of dat er jaloerskens yn it spul wie . Yn alle gefallen waard Frizer frijsprutsen.

Styl en ynfloeden

Al yn syn studintetiid skreau er 'Tamburlaine'. Doe al foel syn styl fan skriuwen yn blanke ferzen op. It blanke fers bestie al, mar Marlowe makke it folle krêftiger. Hy befrijde it fan it kûplet dat rymje moast en liet syn personaazjes floeiende ritmyske rigels fertolkje yn jambyske pentameters:

      ("Stand still, you ever-moving spheres of heaven,/that time may cease and midnight never come./Fair nature's eye, rise, rise again, and make/perpetual day.").

Tiidgenoat en kollega Ben Jonson priizge him om dy "mighty line" dêr't er de Ingelske poëzy mei ferrike hie.

In soad skriuwers nei him, ek Shakespeare, folgen him nei wat dat oanbelanget. It frijwat antysemityske The Jew of Malta behannelet min ofte mear itselde tema as Shakespeare syn The Merchant of Venice. Marlowe is ek ferneamd as skriuwer fan it earste histoaryske stik yn de Ingelske literatuer: Edward II. 'The tragical history of dr. Faustus' wie de earste toanielferzje fan it Faust-ferhaal.

Marlowe en Shakespeare

Marlowe is ien fan de kandidaten dy't nei foaren skood is troch in groep fan anty-Stratfordianen, dy't leauwe dat hy de wiere auteur fan Shakespeare's wurk west hat. Yn akademyske rûnten is mar in bytsje stipe foar dat soarte teoryen.

Wurk

Toaniel

  • The Tragical History of Doctor Faustus
  • The Jew of Malta
  • Tamburlaine
  • Edward II (toanielstik)
  • The Massacre at Paris
  • Dido, Queen of Carthage

Poëzy

  • The Passionate Shepherd to His Love
  • Hero and Leander (1593, yn 1598 foltôge troch George Chapman)

Oersettingen

  • Amores fan Ovidius
  • Pharsalia, earste boek, fan Marcus Annaeus Lucanus

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ingelsktalige Wikipedia, Christopher Marlowe
  • Nederlânsktalige Wikipedia, Christopher Marlowe

Tags:

Christopher Marlowe BiografyChristopher Marlowe Styl en ynfloedenChristopher Marlowe Marlowe en ShakespeareChristopher Marlowe WurkChristopher Marlowe1564159326 febrewaris30 maaieCanterburyDeptfordDichterElisabeth I fan IngelânIngelânToanielWilliam Shakespeare

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Wylpreagerfûgels1902María del Carmen CarricartCarmen HayesKleurGielsnaffelleppelbekDuëtBeagle (skip)WytsingenAnale seksJenna BrooksKatee OwenSporthalKarma RosenbergNeakenensNederlânske gemeenteJeropa2004J.R. CarringtonKoördinearre Wrâldtiid1928Luma CariocaSeksuele opwiningMiamiPornofilmSarah YoungBiskopKatedraal fan CaltagironeMiljardêrMilitêrMaltaJan Hepkes WoudaMartijn Theodoor HoutsmaWeblochSeksuele penetraasjeAugust TaylorÇatalhöyükEastlike greidwrotmûsMarcel HirscherDemokrasyNasalearringDomtsjerke fan GrossetoAngelina JolieSeksuele yntimidaasjeSeksferslavingYnterprovinsjaal OerlisWebsteeISO 3166-1HylperskDomtsjerke fan SienaHollânJohnny CashKânselierKeallepoatFingerjenAlkoholismeISO 3166Carles Puigdemont22 julyBaronFerstoarJayden LeeDigital SinOflûken (seksualiteit)Aleksander Pûsjkin1990-er jierrenPersia MonirDomtsjerke fan MantuaLewis CarrollEtruskenWopke de Vegt🡆 More