Chabarovsk: In stêd yn Ruslân

Chabarovsk (Russysk: Хабaровск, IPA: ) is de grutste stêd fan it Russyske Fiere Easten en de haadstêd fan de kraj Chabarovsk.

De stêd leit 30 km fan de Sineeske grins by de gearrin fan de rivieren Amoer en Ussoeri. De twadgrutte stêd fan it Russyske Fiere Easten, Wladiwostok, leit likernôch 800 km fan Chabarovsk ôf. De stêd wie fan 2002 oant desimber 2018 de haadstêd fan it Federaal distrikt Fiere Easten, doe't Wladiwostok dy rôl oernaam. De stêd hat 613.480 (2022) ynwenners en stribbe Wladiwostok yn 2015 foarby as grutste stêd yn it Russyske Fiere Easten. Chabarovsk hat in ekstreem klimaat mei tige kâlde winters mei útspringers ta -40° C en waarme oant hjitte en fochtige simmers oant +35° C.

Chabarovsk
Chabarovsk: Skiednis, Klimaat, Befolking
Flagge Wapen
Chabarovsk: Skiednis, Klimaat, Befolking Chabarovsk: Skiednis, Klimaat, Befolking
Polityk
Lân Chabarovsk: Skiednis, Klimaat, Befolking Ruslân
Kraj Chabarovsk: Skiednis, Klimaat, Befolking Chabarovsk
Sifers
Ynwennertal 613.480 (rûzing 2022)
Oerflak 389 km²
Befolkingstichtens 1589,33 ynw. / km²
Hichte 72 m
Oar
Stifting 31 maaie 1858
Tiidsône (UTC+10)
Koördinaten 48° 29' N 135° 5' E
Webside Side fan de stêd
Chabarovsk: Skiednis, Klimaat, Befolking
Monumint fan Jerofej Chaborov
Chabarovsk: Skiednis, Klimaat, Befolking
Bûlevaar oan de Amoer
Chabarovsk: Skiednis, Klimaat, Befolking
Moeravjov-Amoerskystrjitte
Chabarovsk: Skiednis, Klimaat, Befolking
Ussoeryjsky-bûlevaar

Skiednis

Rotsskilderings fan 13.000 jier âld binne fûn by Chabarovsk. Tûngûzyske folken libben yn de kontreien doe't yn de achtste iuw it gebiet ûnder it Sineeske Keizerryk kaam. In stêd, Boli neamd, waard stifte op it plak dêr't Chabarovsk no leit. Yn de santjinde iuw kamen Kozakken, yn tsjinst fan it Russyske Ryk, de delling fan de Amoer ûntdekken. Hja moasten it gebiet foar de Russen opeaskje. Hja bouden op it plak fan Chabarovsk in fersterke winterkamp, ostrog, yn septimber 1651, dy't se Atsjansk (Ачанск) of Atsjansky gorodok (Ачанский городок) neamden. Yn maart 1652 waard Fort Atsjansk troch Mantsjoes oanfallen, mar waard troch de Kozakken ôfslein.

Nei it Ferdrach fan Nertsjinsk yn 1689 waard it gebiet foar de folgjende oardel iuw in part fan it Sineeske Ryk ûnder de Qing-dynasty. It plak ferskynde op kaarten út dy snuorje as Bólì (Sineesk: 伯力).

Nei it Ferdrach fan Aigun fan 1858 kaam it gebiet oan it Russyske Keizerryk. De Russen stiften dêr it militêre fort Chabarovka (Хаба́ровка), neamd nei Jerofej Chabarov, in Russyske seefarder fan de santjinde iuw. Yn 1880 waard it pla offisjeel in stêd en krige yn 1893 syn hjoeddeistige namme: Chabarovsk.

Yn 1894 waard der in departemint fan it Russysk Geografysk Selskip foarme yn Chabarovsk dy't biblioteken, teaters en museums yn de stêd oprjochte. Dêrnei bloeide it kulturele libben yn de stêd.

Yn 1916 waard de Chabarovskbrêge foltôge, sa't treinen fan de Transsibearyske Spoarline de Amoer oerstekke koene ynstee fan it brûken fan fearponten. Yn de Russyske Boargerkriich waard Chabarovsk troch Japan beset yn septimber 1918.

Nei de delklap fan Japan yn de Twadde Wrâldkriich waard it proses fan Chabarov yn de stêd holden, dêr't Japanske kriichsfinzenen feroardield waarden.

De lêste Sineeske keizer, Puyi, dy't troch Sovjettroepen yn Mantsjoerije oppakt waard, waard nei Chabarovsk brocht dêr't er fan 1945 oant 1950 wenne, doe't er wer nei Sina weromkeare koe. De Amerikanen hiene in militêre basis by Chabarovsk foar in koart skoftke.

Yn 1956 krige de stêd in tram en yn 1998 waard it sintrale plein fan de stêd opkaltefatere. Yn 2000 waard der yn de Russyske Federaasje troch presidint Vladimir Pûtin federale distrikten yn it libben roppen. Chabarovsk waard de haadstêd fan it Federaal distrikt Fiere Easten oant 2018 doe't Wladiwostok dy rôl oernaam. Yn 2008 waard it treinstasjon folslein fernijd.

Yn 2020 wiene der protesten yn Chabarovsk tsjin de arrestaasje fan gûverneur Sergej Furgal troch it rezjym fan Pûtin.

Om't Chabarovsk, ta tsjinstelling fan Wladiwostok, nea ticht foar bûtenlanners west hat, hat Chabarovsk in tige warber kultureel libben.

Klimaat

Chabarovsk hat in fochtich moessonlânklimaat mei drûge kâlde winters, neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen DwB tsjin Dwa oan. De trochsneed delslach is 696 mm, benammen yn 'e simmer. De trochsneed temperatuer yn jannewaris is -19,2 °C, wylst dy yn july +21,4 °C is. Utersten rûnen útien fan -40 °C yn jannewaris 2011 ta +36,4 °C yn juny 2010.

Befolking

Chabarovsk: Skiednis, Klimaat, Befolking 
Iisskulptueren op it sintrale plein

Befolkingsûntwikkeling

Jier Ynwenners
1897 14.971
1939 199.172
1959 322.744
1970 435.962
1979 527.848
1989 600.623
2002 583.072
2010 577.441
2022 613.480

Etnyske opmaak

Etnyske opmaak fan de befolking yn 2010:

Ekonomy en ferfier

Wichtige yndustry yn de stêd is izer- en stielferwurking, skipsbou, raffinaderijen, farmaseutyske yndustry, fleisferwurking en de bou fan fersate typen swiere en lichte reauwen.

In fezelbreedbânkabel ferbynt de stêd mei Fuyuan yn Sina.

De stêd is it pleatslike spoarsintrum en hat in treinferbining mei Harbin yn Sina. De stêd leit oan de Transsibearyske Spoarline. Chabarovsk hat in lofthaven mei tsjinsten nei East-Aazje, Súdeast-Aazje, Jeropeesk Ruslân en Sintraal-Aazje.

It besjen wurdich

Chabarovsk: Skiednis, Klimaat, Befolking 
Transfiguraasjekatedraal
  • Transfiguraasjekatedraal
  • Katedraal fan de Untsliepenis fan de Mem Gods
  • Leninplein
  • Amoerbûlevaar, by de rivier de Amoer del.
  • Moeravjov-Amoerskystrjitte, ien fan de haadstrjitten yn it sintrum, mei in soad restaurants mei tradisjonele Russyske menú's, sûvenierwinkels, kafees, en nachtklups.

Susterstêden

  • Chabarovsk: Skiednis, Klimaat, Befolking  Niigata, Japan (1965)
  • Chabarovsk: Skiednis, Klimaat, Befolking  Portland, Feriene Steaten (1988)
  • Chabarovsk: Skiednis, Klimaat, Befolking  Victoria, Kanada (1990)
  • Chabarovsk: Skiednis, Klimaat, Befolking  Harbin, Sina (1993)
  • Chabarovsk: Skiednis, Klimaat, Befolking  Bucheon, Súd-Koreä (2002)
  • Chabarovsk: Skiednis, Klimaat, Befolking  Sanya, Sina (2011)

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch nei References op dizze side en Einzelnachweise op dizze side.


Tags:

Chabarovsk SkiednisChabarovsk KlimaatChabarovsk BefolkingChabarovsk Ekonomy en ferfierChabarovsk It besjen wurdichChabarovsk SusterstêdenChabarovsk Keppeling om utensChabarovsk20022018Amoer (rivier)Chabarovsk (kraj)GearrinKrajRussyskRussyske Fiere EastenSinaWladiwostok

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Mûs (kompjûter)IrakKunnilingus2012Nasjonaal Park YellowstonePornoakteurTatrawrotmûs2011Noardfrysk1859Leppeltsje-leppeltsjeEarmoedeSaya SongErflikheidslearMoanne (tiid)Hantsjemier23 aprilLuna CorazónOlst-WijheRegearKeningsleppelbekCherokee d'AssInes RidereWikidataGNU/FDLWopke de Vegt19 maartAle S. van ZandbergenDigital SinJob CohenCountryJenna Brooks1766WoansdeiKatedraal fan CaltagironeHludaneMediaWikiHylperskSlavyske talenMoskouSarah YoungGrypskerkDe DoelleazenGeslachtsmienskipOseanografyKatedraal fan Piazza ArmerinaSeefdrukKarma RosenbergFrysktalige WikipedyHollânNational Basketball AssociationSlûsRock 'n rollWebsteeLiet19801901ISO 3166-1Non-profitJade JantzenTyneDuëtPausAdina JewelHelen DuvalNasjonale feestdei🡆 More