Catalina Cruz

Catalina Cruz, echte namme ûnbekend (Cleveland (Ohio), 14 septimber 1979), is in Amerikaansk neakenmodel, webcamgirl, pornografysk aktrise en pornoprodusinte fan mingd Dútsk-Sloveensk etnysk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Jenna Z en JennaZ.

Hja sette yn 2000 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, wêrby't hja har net sasear talei op it spyljen yn films, mar mear op it fersprieden fan eigen materiaal fia har webside. Yn 2009 wûn Cruz de AVN Award foar ynternetstjer fan it jier.

Catalina Cruz
Catalina Cruz persoan yn de seksyndustry
Catalina Cruz
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Jenna Z, JennaZ
echte namme ?
nasjonaliteit Catalina Cruz Amerikaansk
berne 14 septimber 1979
berteplak Cleveland (Ohio)
etnisiteit Catalina Cruz Dútsk
Catalina Cruz Sloveensk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, webcamgirl,
pornoaktrise, produsinte
jierren aktyf 2000 – no
offisjele webside
www.catalinacruz.com

Libben en karriêre

Cruz waard yn 1979 berne yn 'e stêd Cleveland, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, mar groeide op yn it lytsere plak Brunswick. Ein jierren njoggentich krige se ûnder de namme Jenna Z (ek wol oaninoar skreaun as JennaZ) in beskate bekendheid mei wurk as fitnessmodel dat se as bybaantsje die njonken har foltiidswurk as siktaresse. Yn dy snuorje waarden der fotoreportaazjes fan har opnommen yn tydskriften as MuscleMag International en American Curves. Letter begûn Cruz neaken te posearjen, bgl. yn Splat Magazine, en sa rekke se fia-fia by de Amerikaanske pornoyndustry belutsen.

Catalina Cruz 
Catalina Cruz yn 2011.

Cruz makke yn novimber 2000 har debút as pornoaktrise yn pornografysk materiaal op har eigen webside. Yn 't earstoan wurke se noch ûnder de namme Jenna Z, en hie se kupmaat 32C, mar letter liet se har boarsten fergrutsje nei in DD-kup en feroare se har namme yn 'Catalina Cruz'. Yn in fraachpetear op 'e webside LukeIsBack.com joech se dêr as ferklearring foar dat har "op frijwol deistige basis ferteld waard dat ik op [de Spaanske filmaktrise] Penélope Cruz lykje, mar dan mei grutte titen." Hoewol't se fanwegen har dûnkere uterlik en Spaanske skûlnamme 'Cruz' yn 'e regel as in Latina beskôge wurdt, sprekt Cruz eins gjin Spaansk en is se fan mingd Sloveensk en Dútsk etnysk komôf.

Hoewol't Cruz yn 2007 en 2008 yn fjouwer pornofilms fan it foaroansteande label Adam & Eve spile, hat se har benammen konsintrearre op it meitsjen fan pornografysk materiaal foar har eigen websiden. Dêrby hat se sawol solo-, lesbyske as heteroseksuële sênes dien, anale seks ynbegrepen. Hja leit har lykwols benammen ta op orale sekssênes, en hat dêrfoar twa parodywebsiden oprjochte, LicensedToBlow.com (oangeande fellatio) en LisencedToLick.com (oangeande kunnilingus), wêrby't se de draak stekt mei har eigen sabeare superieure orale feardichheden troch oare pornostjerren yn sok wurk te beoardieljen en sifers te jaan. Al har trije websiden binne oansletten by it Fantasy Girl Entertainment Network. Yn 2009 wûn Cruz foar har ynternetwurk de AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory ynternetstjer fan it jier. Yn 2011 waard se nochris nominearre foar de AVN Award yn dyselde kategory.

Lichemsskaaimerken

Catalina Cruz is blank en hat brún hier en brune eagen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 48 kg. Hja hat in atletyske lichemsbou, mei kupmaat 32DD, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat. (Har behamaat wurdt ek wol oanpriizge as 32E of 70E, mar dat komt op itselde del as 32EE.) Cruz hat gjin piercings, mar se hat tatoeaazjes op har rjochterûnderearm en har rjochterankel. Teffens hat se in ûnderrêchtatoeaazje.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2009 AVN Award wûn ynternetstjer fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre ynternet-babe fan it jier n.f.t.
2010 Xbiz Award nominearre ynternet-babe fan it jier n.f.t.
2011 AVN Award nominearre ynternetstjer fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Catalina Cruz Libben en karriêreCatalina Cruz LichemsskaaimerkenCatalina Cruz Prizen en nominaasjesCatalina Cruz Keppelings om utensCatalina Cruz14 septimber197920002009AVN AwardCleveland (Ohio)DútsersEtnyske groepFeriene SteatenNeakenmodelOhioPornoPornofilmPornografysk aktriseWebcamgirlWebsideYnternet

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KleanAartsbisdom KeulenIt Hearrenfean (gemeente)Islam1816SwedenVanessa SkyMarijn KuipersPoznańFrânskTaekwondo op de Olympyske Simmerspullen 2000Jehannes Paulus II600DimearUniversiteit fan UppsalaSaûdy-AraabjeEiffeltoerBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2004KwissipedySonarWrâldkampioenskip fuotbal 1962JezuïtenArabierenKommunismeMartelderOklahoma City185237Cassidy BanksEastblokStillibbenReligieuzeFlaanderenElektrisiteitFietnamoarlochIsambard Kingdom Brunel1195PolyteïsmeChewbaccaBrezjnev-doktrineFerdriuwing fan Dútsers nei de Twadde WrâldkriichYves BaillatKoergan (oblast)Eddy MerckxSt. Petersburg (Floarida)Gemme fan BurmaniaFulkaanKeltyske talenIranFellatioWrâldkampioenskip fuotbal 1994Michaïl GorbatsjovWrâldkampioenskip fuotbal 2022Tsjustere matearjeJosef StalinSanta Maria MaggioreBaltimoreSalomoAfro-Aziatyske talenWikidataVina SkyArwen GoldYouTubeNottinghamshireTwadde Wrâldkriich1968Rome (stêd)Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje🡆 More