Penélope Cruz Sánchez (Madrid, 28 april 1974) is in Spaanske filmaktrise.
Ze wûn yn 2009 ûnder oaren de Academy Award foar bêste froulike byrol en in BAFTA Award mei har rol yn Vicky Cristina Barcelona. Foar har rol yn Volver hat hja in César en in European Film Award wûn.
Penélope Cruz | ||
akteur | ||
Penélope Cruz yn Cannes, 2011 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Penélope Cruz Sánchez | |
nasjonaliteit | Spaansk | |
berne | 28 april 1974 | |
berteplak | Madrid | |
jierren aktyf | 1989–no | |
prizen | Academy Award, BAFTA Award, European Film Award | |
offisjele webside | ||
Penélope Cruz op Twitter |
Fanwege har styl fan spyljen en har uterlik wurdt hja wolris fergelike mei Sophia Loren.
Cruz wie ferloofd mei Tom Cruise. Dêrnei hie hja in skoft in ferhâlding mei de akteur Matthew McConaughey, mar sy hawwe besluten om yn maaie 2006 út elkoar te gean.
Cruz sprekt fjouwer talen: Spaansk, Italjaansk, Frânsk en Ingelsk. Hja hat in bulte jild en tiid bestege oan woldiedichheid; yn 1997 hat sy twa moanne frijwilligerswurk dien yn Uganda.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Penelope Cruz fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Penélope Cruz, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.