Blackburn is in stêd yn de regio Noard West Ingelân yn it greefskip Lancashire en hie 105.085 ynwenners yn 2001 en 106.537 yn 2011.
Blackburn | ||
Polityk | ||
Lân | Ingelân | |
unitary authority | Blackburn mei Darwen | |
Greefskip | Lancashire | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 120.500 (2019) | |
Oerflak | 24,5 km² | |
Befolkingsticht. | 4.291 / km² | |
Hichte | m | |
Oar | ||
Postkoade | BB1, BB2 | |
Tiidsône | UTC+0 | |
Offisjele webside | ||
Webstee Blackburn mei Darwen |
De stêd leit yn it noarden fan de West Pennine Moors oan de súdrâne fan de Ribble Valley, 14 km eastlik fan Preston, 34 km NNW fan Manchester en 14 km benoarden de grins fan Grut Manchester.
Yn de stêd waard sûnt heawei 13e iuw al wollen stoffen makke, mar waard it sintrum fan de tekstylyndustry yn de tiid fan de Yndustriële revolúsje. Healwei de 20e iuw rekke dy yndustry yn de nederklits, lykas mear yndustryen yn noardingelske plakken. Sûnt de 50er jierren hat de stêd te krijen hân mei in grutte ynstream fan ymmigranten út benammentlik Yndia en Pakistan. Sûnt 1958 is der in soad ynvestearre yn de ûntjouwing fan Blackburn, net allinne mei stipe fan de oerheid, mar ek mei jild út it Jeropeesk Regionaal Untwikkelings Fûns.
In 1086 waard it plak foar it earst neamd as Blacheburne yn it Domesday Book, dat betsjut: ‘donker kleurde burn’ (burn betsjut ‘stream’) út it Aldingelske blæc “swart” en burna “stream”.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Blackburn fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Blackburn (Ingelân), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.