Bernard Smilde

Bernard Smilde (It Hearrenfean, 23 jannewaris 1922 - Ljouwert, 30 augustus 2014) wie in frisiast, teolooch en predikant yn de grifformearde tsjerken, musikolooch/komponist en tekstdichter.

Bernard Smilde
Bernard Smilde skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bernard Smilde
nasjonaliteit Bernard Smilde Nederlânsk
berne 23 jannewaris 1922
berteplak It Hearrenfean (Fryslân)
stoarn 30 augustus 2014
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Bernard Smilde Frysk
wurk
taal Frysk, Noardfrysk, Nederlânsk
sjenre poëzij, hymnen, non-fiksje,
oersettings
bekendste
  wurk(en)
Nije Fryske Bibeloersetting
prizen Gouden Fioeltsje 1992
Fryske Anjer 2006
jierren aktyf 19562014
offisjele webside
gjint

Biografy

Fan jongs ôf oan waard hy mei de muzyk grutbrocht, hy studearre fan 1961 oant 1964 oan it "Stedelijk Muzieklyceum Groningen" by C.J. von Gleich en Fr. van Eeden. Yn 1965 waard dy stúdzje ôfsletten mei it steatseksamen Muzykskiednis B. Yn 1979 die er syn doktoraaleksamen Teology oan de Ryksuniversiteit Grins mei as byfak Muzykwittenskip by dr. P. op de Coul. Smilde promovearre yn 1986 oan de Teologyske fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins ta doktor yn de Teology.

Smilde wie dûmny yn Achlum (1949-1953), Garyp (1953-1958), Grootegast (1958-1964), De Gordyk (1964-1967) en Burgum. Hy wurke sûnttiids yn Ljouwert as redaksjesekretaris fan de Stifting Yntertsjerklike Kommisje foar de Nije Fryske Bibeloersetting. Hy wurke ek as oersetter mei oan 'e Nije Fryske Bibeloersetting (1966-1978), wêrby't er de boeken Numeri, 1 en 2 Kroniken, Jesaja, Jesaja, Ezechiël, Hoséa, Joël, Amos, Obadja, Jona, Obadja, Nahum, Habakuk, Sefanja, Haggai, Sacharja en Maleächy fertaalde. Sûnt dosearret 1965 er oan de Muzyk Pedagogyske Akademy yn Ljouwert. Mei yngong fan 1 jannewaris 1975 waard er beneamd ta koördinaasjesekretaris by it Nederlânsk Bibelgenoatskip foar de oersetting fan de bibel yn ienfâldich Nederlânsk. Smilde ublisearre artikels (foar ûnder oare it Frysk Deiblêd, preken en sette 65 psalmen en 140 gesangen oer foar it Frysk Lieteboek foar de Tsjerken (1975). Ek komponearre er koarwurken, kantates en lieten.

Mei syn sweager Atze Bosch (1927-2011) makke er in soad lietteksten en oersettingen. Yn 1993 ferskynde by Intrada ûnder de namme Sjonge by de Bibel in grutte samling bernebibellieten. Tegearre mei Bosch kaam de lietebondel winterreis (winterreisse) út, de bondel bestiet út 24 lieten op tekst fan Wilhelm Müller ( 1794-1827) en toanset troch Franz Schubert (1797-1828). Smilde makke ûnder oare ek de sjongbondels Sjongenderwize en Gloria in Excelsis.

Begjin 2012 ferskynde by de KFFB it boek It jier bylâns. It boek is in bondel preken foar ûnder oare advint, Krysttiid en Peaske. Yn dat selde jier waard Smilde 90 jier. Jan Breimer en dr. Jan Dirk Wassenaar, dy't in soad mei him gearwurke hawwe, woene Smilde dêrom yn it sintsje sette. Dat diene se mei it boek Dr. Bernard Smilde: tûzenpoat en trochsetter. It boek kaam út ûnder auspysjes fan de Fryske Akademy en waard útjûn by de Protestanse Pers/Uitgeversgroep Jongbloed Hearrenfean. Yn dy mânske bondel steane fyftjin bydragen fan skriuwers oer ûnderwerpen dy't Smilde by de ein hân hat. It jier bylâns en Dr. Bernard Smilde: tûzenpoat en trochsetter waarden op sneon 28 jannewaris 2012 presintearre yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert.

Op 30 augustus stoar Smilde yn syn wenplak Ljouwert.

Wurk

(ûnfolslein)

  • Di naie Däi (preken yn it Noardfrysk, 1956)
  • Sjonge by de Bibel (1993, mei Atze Bosch)
  • Winterreis (winterreisse) (mei Atze Bosch)
  • Gloria in Excelsis
  • Sjongenderwize
  • It jier bylâns (2012)

Prizen

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Bernard Smilde BiografyBernard Smilde WurkBernard Smilde PrizenBernard Smilde Keppeling om utensBernard Smilde1922201423 jannewaris30 augustusFrisiastIt Hearrenfean (plak)KomponistLjouwert (stêd)PredikantTeolooch

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1859EkonomyBluesFryskCountry Music Association Award1766SilyKatedraal fan Napels12 oktoberVoodoo (pornografysk akteur)Londen22 julyArtefakt (archeology)PornhubDelotta BrownEmiel StoffersWeblochSean LawlessShrima MalatiAugustus Oktavianus2011Mia LelaniJan Hepkes Wouda1868Seimunds pappegaaidoAleksander PûsjkinLeppelbekClara TrinityMirka Antolović-TipurićJean-Yves Lecastel22 febrewarisGielsnaffelleppelbekTechnologyZaya CassidyKatedraal fan CaltagironeBasketbalAcademy of Country Music AwardPersia MonirGielDuomo San RufinoBart Jan SpruytProvinsjes fan NederlânSyprus20 aprilMarilyn CrystalBeagle (skip)Olst-WijhePaulina SeikolaSûpengrottenbrijMahabharataWylpreagerfûgelsSêfte pornografyJade JantzenYnternetBoylRonald ReaganWelsum (Olst-Wijhe)NeakenensNashville (Tennessee)Charles III fan it Feriene KeninkrykLimoerhalskankerWikidataHludaneFrysk Ynternasjonaal KontaktMay Thai26 febrewarisSûkerbôleFilipinenSietske Poepjes🡆 More