Behati Prinsloo

Behati Prinsloo (útspr.: , biati prinslo; Grootfontein, 16 maaie 1988) is in blank Namibysk fotomodel en mannekên fan Afrikaner komôf.

Hja is fral bekend as it gesicht fan it linzjerymerk Victoria's Secret, wêrfoar't hja ûnder oaren it sub-label Pink fertsjintwurdiget.

Behati Prinsloo
Behati Prinsloo model
Behati Prinsloo
persoanlike bysûnderheden
echte namme Behati Prinsloo
nasjonaliteit Behati Prinsloo Namibysk
berne 16 maaie 1988
berteplak Grootfontein (Súdwest-Afrika)
etnisiteit Behati Prinsloo Afrikanersk
wurkpaad
soarte model mannekên, fotomodel
jierren aktyf 2005 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

Jonkheid en komôf

Prinsloo waard yn 1988 berne yn Grootfontein, yn wat doe noch it Súdafrikaanske mandaatgebiet Súdwest-Afrika wie. (Dat waard lykwols yn 1990 ûnôfhinklik ûnder de namme Namybje.) Hja is de dochter fan Boet en Magda Prinsloo, dy't beide fan etnysk Afrikaner komôf binne. Har heit is predikant, wylst har mem in bêd en brochje runt. Prinsloo har memmetaal is Afrikaansk; it Ingelsk is foar har in twadde taal dy't se oanleard hat op 'e legere skoalle.

Behati Prinsloo 
Behati Prinsloo op de catwalk yn 2008.

Karriêre

Doe't se yn 2005 mei sechstjin jier op fakânsje wie yn Kaapstêd, yn Súd-Afrika, waard se "ûntdutsen" troch Sarah Doukas, de oprjochtster fan Storm Model Management en deselde dy't ek topmodel Kate Moss ûntdiek. Dêrmei sette Prinsloo har karriêre as model útein. Hja rûn as mannekên mei yn withoefolle moadeshows, û.m. foar topmerken as Chanel, Prada en Louis Vuitton.

Fierders stie se op 'e omslach fan û.o. de Amerikaanske, Meksikaanske, Russyske en Spaanske Vogue en fan 'e Frânske, Italjaanske en Sweedske Elle. Teffens wurke Prinsloo mei oan advertinsjekampanjes fan merken as Adore, Chanel, H&M, Hugo Boss, Marc by Marc Jacobs, Lacoste, Tommy Hilfiger en Gap.

Yn 2007 wurke Prinsloo foar it earst foar it linzjerymerk Victioria's Secret, dêr't se it gesicht waard fan it sub-label Pink. Dêrnjonken waard se yn 2008 ien fan 'e saneamde Victoria's Secrets Angels, en yn dy hoedanichheid iepene se de jierlikse moadeshow fan it merk yn 2014. Yn 2012 stie Prinsloo op it tolfde plak fan 'e ranglist fan 'e meast seksy modellen fan 'e wrâld fan 'e webside Models.com. Datselde jiers waard se it gesicht fan it Australyske baaikleanmerk Seafolly.

Behati Prinsloo 
Behati Prinsloo op de catwalk yn 2008.

Njonken har modellewurk hat Prinsloo ek meiwurke oan ferskate fideoklips, wêrûnder dy fan it nûmer Rich Girls, fan 'e band The Virgins, en twa nûmers fan 'e band Maroon 5. Teffens spile se harsels yn 'e ôflevering Ha'awe Make Loa fan 'e Amerikaanske plysjesearje Hawaii Five-0.

Priveelibben

Prinsloo is goed befreone mei it Kanadeeske model Coco Rocha en mei har Victoria's Secret-kollega's Candice Swanepoel en Lily Aldridge. Fan 2005 oant 2012 hie se in relaasje mei it Britske model Jamie Strachan. Yn 2012 begûn se om te gean mei Adam Levine, de lead-sjonger fan 'e band Maroon 5, oan wa't se har yn july 2013 fersei. Prinsloo en Levine trouden op 19 july 2014 yn Meksiko.

Filmografy

jier titel rol opmerkings
2012 Hawaii Five-0 as harsels ôflevering: Ha'awe Make Loa
Fideoklip
jier titel artyst
2009 Rich Girls The Virgins
2014 Animals Maroon 5
2015 This Summer's Gonna Hurt Like a Motherfucker

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Behati Prinsloo Libben en karriêreBehati Prinsloo FilmografyBehati Prinsloo Keppelings om utensBehati Prinsloo16 maaie1988AfrikanersFotomodelJeropide rasLinzjeryMannekênNamybjeVictoria's Secret

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1721Maarten PennewaardGrutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 201317e iuwGrutte Priis Formule 1 fan Brazylje 2018List fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânLjouwerter KranteRae Lil Black1401Arafuerasee7 febrewarisMars (planeet)God1500 f.Kr.Rosa CaraccioloLiberalismeHaadsideGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 20147e milenniumCarles PuigdemontTransfiguraasjekatedraal (Nizjni Novgorod)Perû1722Jayden LeeWikidataDachau (Landkreis)1901 f.Kr.StripperSkearmês fan OckhamGrottekleaster fan PskovList fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning1938843BaalbekFrysk Boun om UtensBruce VentureGroepseks1806601Karel II fan IngelânBenedictus XVIRapunzelGrutte Priis Formule 1 fan Sina 2016TransistorDeastrafFormule 1 yn 2016San Jose (Kalifornje)Grutte Priis Formule 1 fan Belgje 2017Juliaanske kalinderDútslânNederlânsk-Ynje401Itaalje26 maart501 f.Kr.Fernando AlonsoNoelle EastonHeather LeeIllinoisGeneraalOcca Johanna RipperdaGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2018Loppersum (Grinslân)Grutte Priis Formule 1 fan Dútslân 2016List fan states en stinzen yn FryslânSpaanske grypBo SinnAlpenKryptogram🡆 More