Astuerje

It Prinsdom Astuerje (Spaansk: Principado de Asturias, Astuerysk: Principáu d'Asturies) is ien fan de 17 selsstannige regio’s fan Spanje en leit yn it noardwesten fan it lân.

Astuerje, dat yn syn hjoeddeiske foarm oprjochte waard yn 1982, is sawol in selsstannige regio as in provinsje.

Astuerje
Flagge Wapen
Astuerje Astuerje
Lokaasje yn Spanje
Astuerje
Algemien
Haadstêd Oviedo
Oerflakte 10.604
Befolking 1.076.635
Befolkingstichtens 101,53
Oare ynformaasje
Heechste punt
Provinsjes Astuerje

Geografy

Astuerje leit oan de Golf fan Biskaje en grinzet oan de Spaanske regio's Galysje, Kantaabrje en Kastylje en León. Parallel oan de kust leit it Kantaabryske Berchtme, dêr't de Picos de Europa it heechste part fan foarmet.

It sintrale diel fan de regio is frij flak en dêr wennet ek it grutste part fan de befolking. De haadstêd is Oviedo, dêr't om-ende-by 210.000 minsken wenje. Dochs is de havenstêd Gijón it plak dêr't de meast minsken wenje. In oare wichtige havenstêd is it lytsere Avilés.

Wat de temperatuer oanbelanget hat Astuerje in relatyf sjoen evenredich seeklimaat dat yn de simmer tige populêr is by toeristen, benammen út de haadstêd fan it lân Madrid.

Prinsdom

Omdat Astuerje tidens de Moarske oerhearsking ien fan de lêst oerbleaune kristlike gebieten fan Spanje wie, krijt de Spaanske troanopfolger fansels de titel Prins fan Astuerje (Spaansk: Principe de Asturias).

Flagen

Astuerje hat ferskate flagen. Njonken de deistige flage is der in ferzje foar binnen, dêr't it krús middenop de flage by stiet, en in seremoniële ferzje, dêr't it krús op werjûn is as sieten der fonkelstienen op.

 
autonome mienskippen fan Spanje
Astuerje 
AndalûsjeAragonAstuerjeBaleärenBaskelânEkstremadoeraFalinsiaGalysjeKanaryske EilannenKantaabrjeKastylje en LeönKastylje-La MansjaKataloanjeMadridMoersiaNavarraLa Riocha
 
autonome stêden fan Spanje
Ceuta • Melilla

Tags:

1982SpaanskSpaanske regio'sSpanje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Algerije1992BasketbalCriss StrokesGrypskerk1859RoplettersSeimunds pappegaaidoCarmen HayesRôze leppelbekMay ThaiMilitêr transportfleantúchSean LawlessSint-Frederikustsjerke (Steggerda)Lytse leppelbekNasjonaal Park YellowstoneJ.R. CarringtonStikelbaarchKrúswurdpuzelMoskouBethany BenzTechnologyMarilyn CrystalKristoffel KolumbusGNU/FDLMia LelaniGregoriaanske kalinderLânFeriene SteatenMilitêrRaffarinadeBruce VentureIranSkotlânWestland WyvernAkkrumMarcel HirscherRosa CaraccioloDomtsjerke fan Massa Marittima1863DomeinnammeProvansaalske wrotmûs9e iuw f.Kr.Julianna VegaKira EggersFeankeninginneTyne1868UleboerdJasmine BlackPaus12 oktoberTurkskHeinrich HimmlerEdsger Wybe DijkstraRocky Mountains19 maartKatedraal fan PadûaNoemilkGielsnaffelleppelbekKatedraal fan Piazza ArmerinaMicrosoft WindowsLonden1790EtruskenEvelyn Lin🡆 More