Ekstremadoera

Ekstremadoera is ien fan de 17 autonome mienskippen fan Spanje, en is as sadanich oprjochte yn 1983.

It leit yn it súdwesten fan Spanje en grinzet oan Portugal en de regio’s Kastylje-La Mansja, Kastylje en Leön en Andalûsje. Op 1 jannewaris 2005 hie Ekstremadoera in befolking fan 1.083.879. De haadstêd is Merida, mei om-ende-by 70.000 ynwenners, de grutste stêd is Badajoz mei sa'n 150.000 ynwenners.

Ekstremadoera
Extremadura
Flagge Wapen
Ekstremadoera Ekstremadoera
Lokaasje yn Spanje
Ekstremadoera
Algemien
Haadstêd Merida
Oerflakte 41.634
Befolking 1.083.879
Befolkingstichtens 26,03
Oare ynformaasje
Heechste punt Calvitero 2.425 meter
Provinsjes

Skiednis yn it koart

De omkriten fan Ekstremadoera steane al ûnder dizze namme bekend sûnt de Romeinske tiid en Merida (Emerita Augusta) wie doe al in wichtige stêd. Nei de Romeinen kamen de Germaanske oermasterders lykas de Fandalen en Fisigoaten, en nei harren kamen de Moaren.

In protte Konkwistadores, krekt as Hernán Kortés, Fransisco Pizarro, Pedro de Alvarado en Pedro de Valdivia wiene ôfkomstich út Ekstremadoera. Hjirtroch komme in soad plaknammen út dizze kontreien ek foar yn de Nije Wrâld.

Geografy

Ekstremadoera 
Sierra de Gredos yn Ekstremadoera

Yn Ekstremadoera komt net folle yndustry foar en dêrom is der noch in soad natuer werom te finen en komme trije grutte natuerparken foar, lykas de Siërra de Gredos, Park Nasjonal de Monfraguë. Fierders streame der twa wichtichste rivieren troch de regio, nammentlik de Taach yn it noarden en de Guadiana yn it suden.

It uterste noarden fan Ekstremadoera is bercheftich en lizze de sierras (berchketens) fan it Katyljaanske skiedingsberchtme (Spaansk: Sistema Sintral), dy't besteane út de Sierra de Gredos, de Sierra de Béjar mei de heechste piken en de Sierra de Gata dy't Ekstramadoera skiedet fan Kastilje.

Yn de midden lizze de Sierra de las Villuercas en de Sierra de San Pedro dy't in part foarme fan de bergen fan de Montes de Toledo. Yn it suden rize de Sierra Morena omheech dy't Ekstremadoera skiedt fan Andalûsje.

Yn de natuergebieten libben noch in protte seldsume dieren dy't mei útstjerren bedrige wurde, û.o. de Pardellynks of Spaanske lynks, de Grutte trap en de Wolf.

Nijsgjirrichheden

Ekstremadura ken trije monuminten dy't op 'e wrâlderfgoedlist fan de UNESCO steasn:

  • It âlde stêdssintrum fan Cáceres,
  • It archeologyske terrein fan Mérida,
  • It keninklike kleaster fan Santa Maria de Guadalupe,

Bestjoerlike yndieling

Ekstremadoera bestiet út twa provinsjes:

Provinsje Haadstêd
Badajoz Badajoz
Cáceres Cáceres
 
autonome mienskippen fan Spanje
Ekstremadoera 
AndalûsjeAragonAstuerjeBaleärenBaskelânEkstremadoeraFalinsiaGalysjeKanaryske EilannenKantaabrjeKastylje en LeönKastylje-La MansjaKataloanjeMadridMoersiaNavarraLa Riocha
 
autonome stêden fan Spanje
Ceuta • Melilla

Tags:

Ekstremadoera Skiednis yn it koartEkstremadoera GeografyEkstremadoera NijsgjirrichhedenEkstremadoera Foto galleryEkstremadoera Bestjoerlike yndielingEkstremadoera1983AndalûsjeKastylje en LeönKastylje-La MansjaPortugalSpaanske regio'sSpanje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

List fan Frysktalige tydskriftenPornoaktriseBisdom HelsingørMonumint foar it Swarte Leger (Reims)Harry TrumanTreron florisVasco da GamaHôf fan TwinteMediaWikiRicki RaxxxGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2015RagenfridCJ MilesIepenbiering fan AdamVanessa SkyLily CollinsRocco SiffrediJ. MacAuteursrjochtPornografyDialektKampen (gemeente)Maya Bijou9e iuwTearnsJohnny Cash1839De WestereenMoriah MillsMichael StefanoISO 3166-1J.A. Bruins jr.Hegere BoargerskoalleGryt van DuinenEkshibisjonismeCarles PuigdemontOsmaanske RykHelpSwarte mar (mar)Golf op de Olympyske SimmerspullenTwadde WrâldkriichArwen GoldHûnefangerCircuito de JerezFryskVictoria GivensIuwskema14e iuwPornoakteurDe OesdripJan HutGeslachtsmienskipJoos de MomperOmgong fan Itaalje 1959MaksintiusBommesmiterIranSean LawlessSekshâldingPolo op de Olympyske Simmerspullen 1900It Heitelân (liet)🡆 More