Andalûsje

Andalûsje (Spaansk: Andalucía) is ien fan de 17 autonome mienskippen fan Spanje en bestiet sûnt 1980.

Andalûsje
Flagge Wapen
Andalûsje Andalûsje
Lokaasje yn Spanje
Andalûsje
Algemien
Haadstêd Sevilla
Oerflakte 87.268
Befolking 7.849.700
Befolkingstichtens 79,95
Oare ynformaasje
Heechste punt Mulhacén 3482 meter.
Provinsjes Almeria, Cadiz, Cordoba, Granada, Huelva, Jaén, Malaga en Sevilla.

Geografy

Andalûsje leit yn it úterste suden fan Spanje en grinzet oan de regio's Ekstremadura en Kastylje-La Mancha, Mursia en yn it westen oan Portugal. Fierders leit it oan de Middellânske See en de Atlantyske Oseaan.

Geografysk sjoen falt Andalûsje yn trije parten te ferdielen:

  • De Sierra Nevada en oangrinzende sierra's yn it suden en easten. De heechste berchpiek is de Mulhacén mei 3482 meter.
  • De Sierra Morena yn it noarden op het grinsgebiet fan Ekstremadura en Kastylje-La Mancha.
  • De ymposante fallei van de Guadalquivir leit hjir tusken yn, mei it beskermd sompegebiet "Marismas del Guadalquivir" oan de mûning fan de rivier.

Kultuer

In protte klisjees oer Spanje lykas de flamingodûns en it bollefjochtsjen binne ôfkomstich út Andalûsje:

Muzyk en dûns

Andalûsje is de widze fan de flamingomuzyk. De krekte "roots" binne net bekend, mar guon tinke dat sigeunermuzyk hjir de grûnslach fan west hat, fermingd mei kristlike, joadske en Moarske ynfloeden.

Sport en spul

Andalûsje is ek de widze fan it bollefjochtsjen. Alhoewol't dizze sport troch diererjochtenorganisaasjes bedrige wurdt, bliuwt se tige populêr yn Andalûsje. De bollen wurde spesjaal fokt op agressivens en lef. Ferneamde arena's steane yn Sevilla (Maestranza-arena), yn Ronda en Kordoba.

Kulinêr

Andalûsje is it lân fan de Sjerry, in alkolisearre wyn dy't ferboud wurdt yn de omkriten fan Jerez de la Frontera. Dêr wurde benammen twa druvesoarten foar brûkt: de Palomino en de Pedro Ximénez.

By Sjerry wurde faak tapas iten. Dat binne lytske hapkes dy't typysk Spaansk binne en foaral Andalûsysk.

 
autonome mienskippen fan Spanje
Andalûsje 
AndalûsjeAragonAstuerjeBaleärenBaskelânEkstremadoeraFalinsiaGalysjeKanaryske EilannenKantaabrjeKastylje en LeönKastylje-La MansjaKataloanjeMadridMoersiaNavarraLa Riocha
 
autonome stêden fan Spanje
Ceuta • Melilla

Tags:

Andalûsje GeografyAndalûsje KultuerAndalûsje1980SpaanskSpaanske regio'sSpanje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Famylje (taksonomy)Fryske talenPoalenNegevEmiraat DûbaiOflûken (seksualiteit)Victoria CakesRocco SiffrediSake P. RoodbergenJohn de MolEastseeEvelyn Lin1915BalletDe facto12 maart2016$OezbekistanYnternasjonaal Systeem fan IenhedenArabyskMisjonarishâlding1975NeakenfotografySpienJon VoightOekraïneNoelle EastonEva WiessingJezabel Vessir11 maartTermodynamikaMole1995Lannen en territoariaHeld7e iuwTopografyske Wurkgroep FryslânMount RushmoreEnsyklopedyAlawitenLeafdeTelegram (applikaasje)1970Krystal SwiftFreedAndamanenpappegaaidoAjaks (mytology)RuslânBûdapestGenêsmiddelFotosyntezeCrossoverEgypteKomoarenpappegaaidoCJ MilesLexxxi LockhartFolksmuzykGeografyPlysjeBorneoKosmetikaNovialSierra BanxxxHardenberg (gemeente)DierenArtefakt (archeology)Anneke DoumaBefallingRedbadSaûdy-AraabjeYby Potlatch🡆 More