Anton Oud

Anton Oud (folút: Antonius Gerardus Oud; Bueren, 4 oktober 1935 – It Hearrenfean, 24 maart 2006) wie in Amelânsk taalaktivist dy't him o sa ynsette foar it behâld en it fêstlizzen fan it Amelânske dialekt.

Anton Oud
persoanlike bysûnderheden
echte namme Antonius Gerardus Oud
oare namme A.G. Oud
nasjonaliteit Anton Oud Nederlânsk
berne 4 oktober 1935
berteplak Bueren (it Amelân)
stoarn 24 maart 2006
stjerplak It Hearrenfean (Fryslân)
etnisiteit Anton Oud Amelânsk
wurkpaad
aktyf as taalaktivist
reden
  bekendheid
gearstaller fan it
Woa'deboek fan ut Amelands

Karriêre

Yn 1977 sette Oud útein mei it wurk oan in wurdboek fan it Amelânsk, dêr't er tsien jier lang hurd oan wurke mei help fan ferskate eilanners út 'e âldere generaasje. Dêrby waard er stipe troch de Fryske Akademy yn Ljouwert, dy't himsels sjocht as de hoeder fan alle, dus ek it net-Fryske, kultuerguod yn Fryslân. Uteinlik kaam yn 1987 by de Fryske Akademy it Woa'deboek fan ut Amelands út, dat teffens as taheakke in register fan topografyske streeknammen fan it Amelân omfieme, mei in kaart derby om 'e persize lizzing oan te tsjutten.

Sûnt de jierren 2000 wurdt der wurke oan in op 'e nij besjoene ferzje fan it wurdboek, dêr't teffens in Nederlânske yndeks oan taheakke wurde sil, sadat men ek fanút it Nederlânsk nei wurden sykje kin. Oud ferstoar lykwols yn 2006 op It Hearrenfean, ear't er dêr it einresultaat fan sjen koe. Hy is santich jier wurden, en hy waard op 'e Jouwer begroeven.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van, Taal van de Wadden, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 130, s. 78.
  • Oud, Anton Gerardus, Woa'deboek fan ut Amelands, Ljouwert, 1987, ISBN 9 06 17 16 73X.

Tags:

1935200624 maart4 oktoberAmelânskBueren (It Amelân)DialektIt AmelânIt Hearrenfean (plak)Taal

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Heather LeeBugelWikipedyFykologyRita FaltoyanoEarmoedeJeropaPeter BoszLos AngelesBibelDenemarkKazan (stêd)DelftMaleizjeTwadde WrâldkriichMoskwaSoarteMonosacharideEjakulaasjePuna-ibisAtlantyske OseaanBoliviaJade KushAldemardumGrut- en Lyts-BamastateIrrawaddy-iikhoarntsjeRachel AzianiBiskopAlexa FlexyDomeinnammeFryslânCottagestylAlyssa MilanoToskaneDe BoskPornografyNeakenfotografyMontevideo22 april1895Dûbele penetraasjeAnny VeenstraGnostisismeDútskLas VegasultrafioletHavenSjongerÔflûken (seksualiteit)Hardenberg (gemeente)Saya Song31 oktoberLisa AnnKampearjenSean LawlessFeriene KeninkrykBanne (rjochtsgebiet)PeaskeFilipinenFrankenthalHarmony WonderHumorReade ibisJ.R. CarringtonPlegadis chihiSee15 desimberAnne FrankSlûs🡆 More