Andrej Rûbljov

Andrej Rûbljov (Russysk: Андре́й Рублёв) (sa.

1360 - 17 oktober 1428) wurdt yn it generaal beskôge as de grutste Russyske skilder fan ikoanen ea.

Andrej Rûbljov
Betinkingspostsegel by de 600e bertedei fan Andrej Rûbljov, 1961
Andrej Rûbljov
Rûbljovs ikoan fan de Hillige Trije-ienheid

Rûbljov syn libben is mar in bytsje fan bekend. Wierskynlik libbe er yn it lavra fan Sergiev Posad.

It wurk fan Rûbljov waard foar it earst neamd yn 1405, doe't er ikoanen en freskos makke foar de Oespenski Katedraal yn it Kremlyn fan Moskou, mei Teofanus de Gryk en Prokor fan Gorodets dêr't er de jongste fan wie. Yn 1408 beskildere er mei Daniil Tsjorni de Oespenskikatedraal yn Vladimir en fan 1425 oant 1427 de Trije-ienheidskatedraal fan it lavra yn Sergiev Posad. Syn lêste wurk wie oan it Andronikovkleaster yn Moskou. Yn 2006 waard bekendmakke dat Rûbljovs stoflik omskot werom fûn wie yn ien fan de twa tsjerken fan dit kleaster. Oant dan wie it net bekend wêr't er lei.

By it konsily fan de hûndert haadstikken waard Rûbljovs wurk ta mjitstêf foar religieuze keunst. Yn 1988 waard Rûbljov troch de Russysk-Ortodokse tsjerke hillich ferklearre. Syn nammedei is 4 july.

Rûbljovs ferneamdste wurk, en it iennige dat mei wissichheid oan him taskreaun wurde kin, is de ikoan fan de Hillige Trije-ienheid fan om 1410 hinne. It is basearre op in eardere ikoan, bekend as de "Gastfrijens fan Abraham" (neffens Genesis 18). Rûbljov helle de figueren fan Abraham en Sarah fuort, en lei subtyl de klam fan de komposysje op it hillige mystearje fan de Trije-ienheid. Dit ikoan is no part fan de permaninte útstalling fan de Tretjakovgalery yn Moskou.

Rûbljov syn libben waard yn 1966 ferfilme troch de Russyske regisseur Andrej Tarkovski.

Kar út syn wurk

Keppeling om utens

Andrej Rûbljov  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Andrej Rublëv fan Wiki Commons.

Tags:

1360142817 oktoberIkoanKeunstskilderRuslânRussysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KatarWilfred Genee1937TelefyzjeprodusintHolokaustUtwreiding fan de Jeropeeske UnyJasmine AlohaHendrik Goeman BorgesiusYndiaSnie1931SekshâldingTillefoanSkriftSpaanskPZheng HeDrugUbuntuNeakenmodelJapanske yenGlamourfotografy6EasternijtsjerkRynRCowgirlhâldingStripperVeronica Avluv1982Lisa AnnAreIzerIran91922Syrillysk alfabet96KeulenList fan lannen en territoaria1895Portegeesk1941MiggeswamKleur13 jannewarisRhythm and bluesHanny Michaelis64OhioAmerikaansk fuotbalPluto (planeet)HebriuwskLittenseradiel19068e iuwZMonargyMalyLingua francaJierBritske prinsen-gemaal en keninginnen-gemalinneAuxiliary Power Unit9 maartNoard-Fryslân BûtendyksMollemakleaster22DrakensberchtmeMakauSpul🡆 More