Aldersielen

Aldersielen is is in betinkingsdei út 'e roomsk-katolike tradysje fan it Westersk kristendom.

Dizze hjeldei falt op 2 novimber, de deis nei Alderheljen, dêr't it nau mei ferbûn is. Op Aldersielen wurde de ferstoarnen betocht en wurdt in rekwiëmmis opdroegen. De djipdrôven lizze blommen op it grêf fan dejinge(n) dy't se betinke wolle. Neffens de roomske tradysje is Aldersielen in dei om spesjaal te bidden foar alle sielen dy't noch net opgien binne nei de himel, mar noch harren wrâldske sûnden fuortbrâne yn it faaiefjoer.

Aldersielen
Aldersielen (1859), fan William-Adolphe Bouguereau.

As Aldersielen op in snein falt, hat de hjeldei altyd foarrang op 'e sneinske liturgy.

Yn in protte parochys yn Nederlân is it gebrûklik dat der yn 'e tsjerke in krúske ophongen wurdt as der in parochiaan komt te ferstjerren. By de earstfolgjende Aldersielen komme de djipdrôven fan dy persoan dan yn 'e tsjerke om dat krúske yn ûntfangst te nimmen.

Aldersielen fynt syn oarsprong yn 'e benediktiner kleastertradysjes fan 'e Abdij fan Cluny, dêr't Odilo fan Cluny dizze hjeldei yn it jier 998 foar it earst fiere liet. De namme 'Aldersielen' stammet út 'e trettjinde iuw.

Behalven yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke wurdt Aldersielen ek fierd yn 'e Eastersk-katolike tsjerken. Yn 'e Anglikaanske Tsjerke is de fiering opsjoneel. Yn it lutheranisme is Aldersielen mei Alderheljen ferraand ta ien hjeldei. It metodisme beskôget alle kristlike ferstoarnen as hilligen, en dy wurde troch metodisten dêrom betocht op Alderheljen ynstee fan Aldersielen. Yn it kalvinisme wurde Aldersielen en Alderheljen net fan âlds net fierd, mar tsjintwurdich wurdt der, alteast yn 'e kontekst fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN), hieltyd mear omtinken oan jûn, al binne it noch altyd gjin offisjele hjeldagen.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

2 novimberAlderheljenBetinkingBiddenBlomDeiFerstoarneGrêfHimelHjeldeiRoomsk-katolisismeTradysjeWestersk kristendom

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

De Trije MusketiersEarste WrâldkriichSyriaWikipedy20 febrewarisTwitterRinsumageastJeremia (bibelboek)ABBATokioJureka del MarLéa (bibelsk persoan)Skermjen op de Olympyske Simmerspullen 2000Mia LelaniStefan LöfvenEinar HákonarsonEastseeLeonid BrezjnevManchester City FCJohann Jakob von Tschudi1557SkiedkundigeMcDonald's30 jannewaris1990HaadsidePersia MonirBernardahûsRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1988Alderheljenkatedraal (Tûla)RjochtCarles PuigdemontFazanteftigenMasturbaasjeEtiopysk-Otterdokse TsjerkeHânbal op de Olympyske Simmerspullen 2000MyanmarLos AngelesIslamMoriah MillsBeirûtSubway (restaurant)PornhubRachel (bibelsk persoan)Jimmy WalesIzerFloarus- en Laurustsjerke (Tûla)The Sons of Katie Elder (film)KatAchtkarspelenSkimmelsRichard LanginGymnastyk op de Olympyske Simmerspullen 20002010910TsjoenderijGoud19731693Joachim HoppersMoslim20 maartDeastrafKaraseeMs DamnSilverstone CircuitBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1972LondenNij-SeelânKlinyske depresjeMay ThaiBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2000🡆 More