Halloween

Halloween (in Ingelske gearlûking fan Hallows' Even, de foarjûn fan Alderheljen) is in feestdei dy't tradisjoneel fierd wurdt yn Ierlân, it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten en Kanada.

Sûnt de 1980-er jierren hat it feest him lykwols út 'e Feriene Steaten wei ek ferspraat nei oare dielen fan 'e wrâld, benammen nei Jeropa, Australaazje en East-Aazje. Halloween falt op 31 oktober, de deis foarôfgeande oan 'e kristlike hjeldei Alderheljen. Mei Halloween is it wenst dat bern ferklaaid by de doarren lâns geane om te freegjen om snobbersguod. It feest is datoangeande besibbe mei Sint-Marten, dat yn Fryslân altyd noch in stik populêrder is. In oare tige algemiene Halloweentradysje is it útsnijen fan grouwélige gesichten yn útholle pompoenen (saneamde jack-o'-lanterns), dy't dan nachts by it tsjuster mei in kjers ferljochte wurde kinne om in grizelich effekt te krijen.

Halloween
In jack-o'-lantern, makke fan in útholle pompoen.

Halloweentradysjes

Halloween bestiet derút dat bern har ferklaaie (almeast as bekende personaazjes út 'e popkultuer) en nei it fallen fan it tsjuster by de doarren lâns geane ûnder it roppen fan trick or treat. Dêrby wurdt besocht de bewenners in bytsje bang te meitsjen en harren foar de kar te stellen om òf it slachtoffer wurden fan pleagerij (trick), òf wat snobbersguod (treat) oer te jaan. It is wizânsje om foar treat te kiezen, wat it needsaaklik makket om yn 't foar genôch snobbersguod yn te slaan. Oare Halloweentradysjes binne it fersieren fan huzen mei saneamde jack-o'-lanterns: útholle pompoenen dy't snien binne yn 'e foarm fan in demoanysk gesicht, dat fan binnenút ferljochte wurdt, yn 'e regel mei in kjers. Fierdere fersiering wurdt faak dien mei oare grizelige dingen dy't yn in spûkhûs net misstean soene. Adolesinten geane soms nei Halloweenfeesten dêr't se sosjalisearje en/of inoar kjel besykje te meitsjen.

Halloween 
Bern yn Halloweenkostúms.

Skiednis

Yn 'e kalinder fan 'e âlde Kelten begûn it jier op 1 novimber en wie de jûn fan 31 oktober dus âldjiersjûn. De rispinge wie dan binnen, it siedsied foar it folgjende jier lei klear en de winter stie foar de doar. It Keltysk nijjier hiet Samhain (útspr.: ['sɑ:wɪn], likernôch: "saa-win" mei de w fan 'skowe', of: [sˠaunʲ], likernôch: "sjaun"). De âlde Kelten leauden dat op dy dei de geasten fan 'e ferstoarnen weromkamen yn 'e wrâld, en lieten iten foar harren efter by de doarren fan harren wenten. Om lykwols foar te kommen dat kweawillige geasten besit nimme soene fan harren lichems, droegen hja dy deis maskers. Doe't de Romeinen yn 'e earste iuw it súdlike part fan it eilân Grut-Brittanje feroveren, fermongen se dêre de Keltyske gebrûken mei harren eigen tradysjes, dy't ein oktober de fiering fan 'e riskpinge en it earjen fan 'e deaden omfiemen.

Yn 'e njoggende iuw stiek in kristlik gebrûk fan it Jeropeeske fêstelân ôf de see oer nei de Britske Eilannen. Dêrby gie it om 'e tradysje dat op Aldersielen (2 novimber) yn fodden klaaide kristenen yn 'e doarpen by de doarren lâns giene en om sielekoeke (in soarte fan krintebôle) biddelen. Foar eltse koeke dy't se krigen, ûnthieten se in gebed te dwaan foar de ferstoarne famyljeleden fan 'e jouwer. Men leaude yn dy tiid nammentlik dat de befrijing út 'e tydlike bestraffing fan it faaiefjoer ferflugge wurde koe troch it tal gebedens dat troch de libbenen foar de ferstoarne dien waard. Dus troch safolle sielekoeken wei te jaan, soene de ferstoarne sibben fan 'e jouwer gauwer yn 'e himel opnommen wurde. Dy gebrûken fermongen har op 'e Britske Eilannen mei de âlde Keltyske Halloweentradysje, en saakkundigen tinke dat dêryn it trick-or-treaten syn oarsprong fynt.

Halloween 
Grizelige Halloweenfersierings.

Yn 'e Feriene Steaten waard Halloween pas as folksfeest yntrodusearre doe't har dêr yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw hûnderttûzenen Skotske, mar fral Ierske ymmigranten nei wenjen setten. Ek de jack-o'-lantern, dy't meitiid it bekendste symboal fan Halloween waard, datearret út dy tiid. Yn it grutste part fan 'e tweintichste iuw wie Halloween yn 'e Feriene Steaten en Kanada benammen in bernefeest. Fan 'e 1980-er jierren ôf waard it ek almar mear in feest foar folwoeksenen. Dêrta begûnen de ferklaaipartijen en it grizelaspekt in hieltyd wichtiger plak yn te nimmen. Omtrint dyselde tiid begûn Halloween him út 'e Feriene Steaten te fersprieden nei oare dielen fan 'e wrâld, benammen nei Jeropa (yn 't earstoan benammen West-Jeropa), Austraalje en Nij-Seelân, en ek nei dielen fan East-Aazje (Japan, Súd-Koreä, Taiwan, Hongkong).

Halloween yn Nederlân

Yn Nederlân is Halloween tsjintwurdich ek in frij algemien fierd feest, alteast yn 'e stêden. Dêrby wurdt faak fanút basisskoallen in trick-or-treat-tocht by de doarren lâns organisearre. Ut in ûndersyk út 2018 die bliken dat mear as 50% fan 'e Nederlânske befolking dat jiers Halloween fierde. Op it plattelân en yn provinsjes as Fryslân, Grinslân, Drinte, Seelân en ferrassend genôch ek Utert is it (fan oarsprong roomske) Sint-Marten op 11 novimber populêrder, wêrby't bern (lykfol wat har religieuze eftergrûn is) mei lampionnen en ûnder it sjongen fan road road reugeltsje ek om snobbersguod by de doarren lâns geane.

Halloween 
Pompoenen te keap foar Halloween.

Krekt as op 'e fiering fan Falentynsdei is yn Nederlân op 'e fiering Halloween in protte krityk, om't it in feest wêze soe dat troch de detailhannel mei opsetsin út 'e Feriene Steaten oernommen is mei as doel om 'e sloppe tiid tusken de simmerfakânsje en Sinteklaas te trochbrekken. Ferskate swier-kristlike tsjerkgenoatskippen en organisaasjes hawwe dêrnjonken krityk op it "heidenske" karakter fan Halloween, en om't it feest spiritisme oanfiterje soe wylst it neffens de Bibel net tastien is om geasten op te roppen. Wat it "heidenske" karrakter fan Halloween oangiet, snijt dy krityk yn elts gefal gjin hout. It is wier dat Halloween weromgiet op in heidenske, yn dit gefal Keltyske tradysje, mar feitliks hat it fan 'e iere Roomsk-Katolike Tsjerke in trochkristlike ynfolling krigen, en is it datoangeande te ferlykjen mei de Kryst, dy't tebek giet op it heidenske Germaanske Midwinterfeest. De ferklaaipartijen wêrby't faak foar in demoanyske of spûkeftige momkape keazen wurdt en de assosjaasje mei it horrorsjenre ûntstiene hiel dúdlik pas yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw.

By de kristlike ôfwizing fan Halloween spilet ek in rol dat it protestantisme (alteast yn Nederlân) Alderheljen en Aldersielen net fierd, sadat grifformearden faak ek beswier hawwe tsjin it roomske komôf fan Halloween. Dêr komt noch by dat 31 oktober foar oanhingers fan wat wol de swartehoazzetsjerken neamd wurde, in wichtige betinkingsdei is, dy't se net fersteurd hawwe wolle troch wat sy sjogge as ûngerjochtichheden. It is nammentlik ek Herfoarmingsdei, wêrmei't it begjin fan 'e Reformaasje betocht en fierd wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


Tags:

Halloween tradysjesHalloween SkiednisHalloween yn NederlânHalloween1980-er jierren31 oktoberAlderheljenAustralaazjeBern (persoan)DeiEast-AazjeFeestdeiFeriene KeninkrykFeriene SteatenFryslânGesichtHjeldeiIerlânIngelskJeropaKanadaKristlikLjochtNachtSint-Marten (dei)TradysjeTsjuster

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Roxy RayeMarilyn CrystalTennisAgnostisismeLuna SilverReade gleeSpanjeRMS TitanicDormitio-abdijZaawaadiHalletsjerkeOehoeTechnologyFrearkstsjerke (Kopenhagen)PoalenGeert GratamaHongaarskWeenske oesterISBNGregoriaanske kalinderLuna CorazónFryske BefrijingsdeiFryske mytologyTehmeena AfzalRoplettersManlikLiuwe H. WestraYndo-Jeropeeske talenRomi RainRussyskHurde pornografyMichelle ObamaDûbele puntBibelSarah YoungJeruzalimBenynFingerjenAquaZoo FrieslandJohn AdamsBlesgoesSimone HorváthAfro-AmerikanenMoriah MillsKatedraal fan CataniaNoemilkNicole Bexley1976Landkreis FrieslandBrazilian waxAmerikaanske LoftmachtSkiftSwedenFryslânOffisjele taalStacie LaneSpartakusBlaudoke11 febrewarisHaïtyMoardnerij fan Oradour-sur-GlaneGeorgyskLânmachtIt OranjewâldMya NicholeNederlânArmeensk1953TrochrinnerMaya BijouAldingelskMegan Vaughn🡆 More