Underfining

Underfining is kennis of behearsking fan in barren of ûnderwerp dy't men kriget troch sa'n barren of ûnderwerp te observearjen en derby belutsen te wurden.

Troch ûnderfining op te dwaan, kriget men ynsjoch en knowhow. Wat faker oft men itselde ding of in ferlykber ding meimakket, wat mear ûnderfining oft men datoangeande opbout. Immen dy't op in beskaat mêd in protte ûnderfining opdien hat, wurdt ek wol in ekspêr neamd en syn ûnderfining hjit dan ekspertize. Underfining kriget men troch dingen sels te dwaan, ynstee fan deroer te lêzen yn boeken. Nettsjinsteande dat is it mooglik om kennis dy't men út boeken hellet, ta te passen yn 'e praktyk, sadat men nije ûnderfining opdocht. De term 'ûnderfining' wurdt fierders brûkt foar sawol dingen dy't men meimakke mar noch net mentaal ferwurke hat, as de kennis dy't men opdien hat troch neiprakkesearjen oer en ynterpretearjen fan sokke dingen.

Der kin ûnderskie makke wurde tusken ferskate soarten ûnderfinings:

  • In fysike ûnderfining hat in persoan eltse kear as der wat yn syn om-en-by feroaret. Dêrmei is dizze foarm fan ûnderfining foar oaren waarnimber en dêrom objektyf. Hoe't men sa'n fysike ûnderfining ferwurket en ynterpretearret, is lykwols subjektyf.
  • In mentale ûnderfining hat te krijen mei it yntellekt en bewustwêzen fan in persoan yn kombinaasje mei tinzen, waarnimming, ûnthâld, emoasjes, wil en ferbylding. Sa'n soarte ûnderfining is folslein subjektyf, mei't er ûnwaarnimber is foar oaren.
  • In emosjonele ûnderfining hat oerienkomsten mei in mentale ûnderfining, mei it ferskil dat in emosjonele ûnderfining foar oaren faak opmerkber is oan 'e emoasjes fan 'e ûnderfiner. By emosjonele ûnderfinings kin men tinke oan fereale reitsjen, lijen oan in klinyske depresje of ûndergean fan leafdesfertriet.
  • In religieuze ûnderfining is in folslein subjektyf soarte ûnderfining, wêrby't men almeast wat opfangt of mient op te fangen fan it bestean fan in hegere macht of fan it hjirneimels. Immen dy't sa'n ûnderfining hân hat en de opdiene kennis mei oaren besiket te dielen, wurdt wol in mystikus neamd. Religieuze ûnderfinings kinne aktyf socht wurde, wêrfoar't soms gebrûk makke wurdt fan drugs lykas kannabis, peyote of stikelbei (Datura).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

BoekGeastKennis

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Luma CariocaHûntsjeshâldingKlean30 jannewarisAcademy of Country Music AwardGokkenMoslimDe DoelleazenNeakenensWoansdeiTeksasLibbenRegearHarmony WonderErflikheidslearUnbemanne fleanmasineMinsklike seksuele aktiviteitSuffolkBart Jan SpruytLuna CorazónClara TrinityMiljardêrPornoaktriseWylpreagerfûgelsAVN AwardPeter BoszRocky MountainsPearsPresidint fan de Feriene SteatenMiddelseksNational Basketball Association1949FilmISBNSilyMahabharataJean-Yves LecastelKatedraal fan CataniaMoskouHongarijeNederlânFellatioEastlike greidwrotmûsHavana GingerVictoria GivensKommunismeEastlike fjildmûsBaskyskVina SkyJayden LeeJade JantzenCody BryantNew York Stock ExchangePet (holdeksel)TurkskSalomonseilannenNoardfryskCowgirlhâldingISO 3166WikipedyLetskEarmoede12 oktoberGraham SwiftFeankeninginneBasketbalAteneStikelbaarch1766🡆 More