Ynternasjonaal Filmfestival Fan Santa Barbara

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Santa Barbara (Ingelsk: Santa Barbara International Film Festival), ôfkoarte ta SBIFF, is in filmfestival dat sûnt 1986 elts jier holden wurdt yn 'e stêd Santa Barbara, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje.

It is wijd oan sawol spylfilms as dokumintêres en sawol lange as koarte films út in ferskaat fan lannen. Yn 2014 waarden der op it festival mear as 200 films fertoand. Sûnt 2002 wurdt it Ynternasjonaal Filmfestival fan Santa Barbara oan 'e ein fan jannewaris holden.

Ynternasjonaal Filmfestival
fan Santa Barbara
Ynternasjonaal Filmfestival Fan Santa Barbara
plak en tiid
lân Ynternasjonaal Filmfestival Fan Santa Barbara Feriene Steaten
steat Ynternasjonaal Filmfestival Fan Santa Barbara Kalifornje
county Ynternasjonaal Filmfestival Fan Santa Barbara Santa Barbara County
plak Ynternasjonaal Filmfestival Fan Santa Barbara Santa Barbara
tiid fan it jier ein jannewaris
bysûnderheden
ôfkoarting SBIFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1986 – no
org. troch Santa Barbara Film
   Commission
offisjele webside
sbiff.org

De folgjende prizen wurde útrikt op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Santa Barbara:

  • Maltin Modern Master Award
  • Montecito Award
  • Outstanding Performance of the Year Award
  • American Riviera Award
  • Cinema Vanguard Award
  • Virtuosos Award
  • Panavision Spirit Award for Independent Cinema
  • Best International Film Award
  • Nueva Vision Award for the best Spanish/Latin American Film
  • Best Documentary Film Award
  • Bruce Corwin Award for Best Live Action Short Film
  • Bruce Corwin Award for Best Animation Short Film
  • Fund for Santa Barbara Social Justice Award
  • Audience Choice Award
  • 10-10-10 Student Filmmaking Competition
  • 10-10-10 Student Screenwriting Competition

De wichtichste priis is de Montecito Award, dy't yn it ferline útrikt is oan û.o. Annette Bening, Naomi Watts, Javier Bardem, Kate Winslet, Julianne Moore, Daniel Day-Lewis, Oprah Winfrey, Jennifer Aniston, Sylvester Stallone, Isabelle Huppert en Saoirse Ronan. De Outstanding Performance of the Year Award is yn it ferline wûn troch û.o. Charlize Theron, Kate Winslet, Helen Mirren, Angelina Jolie, Penélope Cruz, Colin Firth, James Franco, Jennifer Lawrence, Cate Blanchett, Brie Larson, Emma Stone, Margot Robbie en Scarlett Johansson. De American Riviera Award is yn it ferline wûn troch û.o. Diane Lane, Kevin Bacon, Forest Whitaker, Tommy Lee Jones, Sandra Bullock, Annette Bening, Martin Scorsese, Quentin Tarantino, Robert Redford, Michael Keaton, Jeff Bridges, Viggo Mortensen en Renée Zellweger.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

198620022014Amerikaanske steatenDokumintêreFeriene SteatenFilmFilmfestivalIngelskJannewarisKalifornjeKoarte filmLange filmSanta Barbara (Kalifornje)SpylfilmSteatStêdÔfkoarte

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

SlowaakskKatoenKristendom2012Job CohenWeblochSnoadfoanEjakulaasjeBiblioteekDen Ham (Oerisel)KeningsleppelbekNeakenfotografyAda SanchezElektromagnetismeMan (sekse)Froukje VeenstraGesinMelissa LaurenMoskou (oblast)Martine LetterieImmanuel Fichte1932Persia MonirTrekker trekKazachstanSavana Ginger22 aprilTaalGeslachtsmienskipRita FaltoyanoGrykske mytologyRigtje BoelstraCarles PuigdemontYndyske ArsjipelAbdûlazyz ibn SaûdGrut Frysk DikteeSeeReade wrotmûsJapanLogan LongFrânsk-GuyanaHylpenSintrale Delling (Kalifornje)Súd-KoreäInga RidereRottekopApheliumEbroGalysjeEala Frya FresenaWelsum (Olst-Wijhe)Jade KushFryslânOpen-source softwareKommunismeWillem III fan Oranje-NassauTatarstanFormule 1 yn 20202006OranjekoekeErnst HaeckelMoskwaGeografyRêchstringdierenFryskKleurHaukfûgelsEva JinekIngelân31 oktoberSkiednis fan FryslânTheodor StormEarmoedeTún🡆 More