X-Wjukjager

X-wjukjager of X-wjukstjerrejager (Ingelsk: X-wing fighter of X-wing starfighter) is de oantsjutting foar in rige fan besibbe modellen lytse militêre romteskippen út 'e Star Wars-franchise.

Sokke tastellen binne ferlykber mei strieljagers en tankje harren namme oan 'e opfallende X-foarm dy't de (beweechbere) wjukken fan foarren en fan efteren hawwe as se yn 'e oanfalsstân set wurde. De X-wjukjager is in ienpersoans tastel, mei as bemanning ien piloat en ien astromeganisiên-robot. It tastel is 13.40 m lang (de T-65B) mei in breedte fan 11.76 m (ynkl. wjukken), in hichte fan 2.40 m en in gewicht fan 10 ton. X-wjukjagers binne net inkeld geskikt om har mei stadiger-as-ljochtfaasje troch de romte fuort te bewegen, mar kinne ek brûkt wurde foar sawol atmosfearysk fleanen as ynterstellêr flugger-as-ljochtreizgjen. Yn 'e atmosfear hawwe se in topfaasje fan 1.050 km/o.

X-wjukjagers wurde yn it Star Wars-universum produsearre troch de Incom Corporation. Yn 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy binne sokke tastellen, yn 'e foarm fan it model T-65B, yn gebrûk by it Rebelleferbûn yn syn striid tsjin it Galaktysk Keizerryk. Sa wurde se yn 'e films Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) en Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) ynset om ôf te weven mei de beide Deadsstjerren dy't it Keizerryk bout. Begjinnend mei de film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) wurdt in nij model X-wjukjager yntrodusearre, de T-70, dy't in promininte rol spilet yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. Dêryn wurdt dat tastel troch it Ferset ynset yn 'e striid tsjin 'e Earste Oarder. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Resistance (2018) wurdt noch wer in nijer model brûkt, de T-85.

De X-wjukjager waard yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. It tastel ûntjoech him al rillegau ta ien fan 'e populêrdere eleminten fan Star Wars en waard dêrom fia merchandising ek as boartersguod ferkocht. De X-wjukjager waard oarspronklik troch special effects-technikus Grant McCune ûntwurpen op basis fan sketsen dy't tekene wiene troch Colin Cantwell. It tastel krige mei opsetsin in folle 'tradisjoneler' oansjen as de folslein futuristyske TIE-jagers fan it Galaktysk Keizerryk. Foar de opnamen fan 'e X-wjukjagers yn 'e oaspronklike Star Wars-trilogy waarden miniatueren brûkt, mar ek yn 'e postproduksje tafoege fisuele effekten.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

AtmosfearFaasjeFlugger-as-ljochtreizgjenIngelskKmMeterMilitêrOerePiloatRobotRomteRomteskipStar WarsStrieljagerTon (massa)WjukYnterstellêr

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

María del Carmen Carricart19 maartHaaienLimoerhalskankerNederlânske gemeenteLânInes RidereLeppelbekEarmoedeISO 3166Grover ClevelandBasketbalAteneGeologyVanda VitusPierre WoodmanWetWhitney TaylorMoriah MillsAnale seksNashville (Tennessee)Kira EggersSkiednis fan FryslânMiranda WerkmanArtefakt (archeology)2004De BoarnKatedraal fan PadûaNew York Stock Exchange1950-er jierrenTopless1990-er jierrenRealitypornografyAle S. van ZandbergenBart Jan SpruytNederlânGeslachtsmienskipSilyBluesCountryKatedraal fan Piazza ArmerinaAlkoholismeGrammy AwardKeiran Lee2023MiddelseksMuzyksjenreGNU/FDLTwadde WrâldkriichKya TropicPornografyKrisjnaTurkskFen Fryske Groun2017Presidint fan de Feriene SteatenKatedraal fan Caltagirone12 oktoberTsjaad24 aprilJade MarcelaMinnie BeetsGregoriaanske kalinder1928Anton DalhuysenNasjonale feestdeiDomeinnammeMegan VaughnArjen TerpstraTriem (ynformatika)🡆 More