Willem de Sitter (Snits, 6 maaie 1872 – Leien, 20 novimber 1934) wie in Frysk wiskundige, astronoom, kosmolooch en natuerkundige.
De Sitter is berne yn Snits yn ien fan 'e huzen neist de Snitser Wetterpoarte, as in soan fan rjochter Lamoraal Ulbo de Sitter en Katharina Bestling. By syn stúdzje wis- en natuerkunde yn Grins rekke hy hieltiten mear ynteresseard yn de kosmology. Fanút syn wiskundige eftergrûn makke hy mei statistyske techniken ferskillende modellen om it ûntstean fan de kosmos te beskriuwen.
Doe't hy op de hichte brocht waard fan de relativiteitsteory, seach hy fuort it belang hjir fan. Hy joech dan ek in soad bekendheid oan de teoryen fan Einstein. Yn de Earste Wrâldoarloch stjoerde de doe noch Dútske Einstein syn teoryen fia it neutrale Nederlân nei De Sitter. De Sitter stjoerde it wer troch nei de ingelske Sir Arthur Eddington. Dy wist koart nei de oarloch Einsteins teory oer it dieltsjeskarakter fan ljocht te befêstigjen mei in detaillearde analyze fan in sinnefertsjustering.
De Sitter begûn sels in briefwikseling mei Einstein. Dat late úteinlik ta it no ferâldere Einsteins- De Sittermodel. Yn dit model is de kromming fan de romte hast gelyk oan nul en kin dêrtroch op in frijwol euklidyske wize beskreaun wurde. Yn in euklidysk universum is de koartste ôfstân tusken twa punten in rjochte streek.
Yn 1918 frege hy Anton Pannekoek foar de stjerrewacht yn Leiden. Mar dat koe net trochgean. De Minister Ruijs de Beerenbrouck kearde it op. Fanwege de linkse ideeën fan Pannekoek.
De Sitter is ferstoarn yn 1934 yn Leien. Op de moanne is in ynslachkrater nei him neamd.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Willem de Sitter, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.