Willem Velema

Willem Hendrik Velema (Drachten, 15 novimber 1929 - Apeldoorn, 18 april 2019) wie in Nederlânsk heechlearaar, predikant en teolooch.

Hy wie lid fan de Kristlike Grifformearde Tsjerken.

Libben en wurk

Wim Velema waard yn 1929 yn Drachten berne as soan fan de predikant Hendrik Velema (1889-1948). Jan (1917-2007) en Koen (1922-1997), syn bruorren, wienen ek predikant. Nei it gymnasium studearre er teology en promovearre yn 1957 ta doktor oan de Frije Universiteit Amsterdam op it proefskrift De Heilige Geest bij Abraham Kuyper. Syn promotor wie prof. dr. G.C. Berhouwer. Hy begûn syn karriêre as predikant yn Eindhoven (1953-1961) en dêrnei stie er yn Leien (1961-1966).

Velema waard yn 1966 beneamd ta heechlearaar nijtestamentyske fakken, amtlike fakken en etyk oan de Teologyske Universiteit Apeldoarn. Yn 1996 gyng er mei emeritaat. Neist syn funksje as heechlearaar wied er as bestjoerslid belutsen by ferskate tsjerklike en maatskiplike organisaasjes en wie er faak sprekker op ferskate plakken.

Velema wie fan 1980 oant 1990 panellid fan it EO-radioprogramma Deze Week.

Prof. dr. W.H. Velema stoar yn de âldens fan 89 jier.

Publikaasjes (karút)

  • (1968). Nieuwe wegen, oude sporen. Apeldoarn: Utjouwerij Semper Agendo BV.
  • (1969). Herleving van de natuurlijke ethiek tegen de achtergrond van de secularisatie. Kampen: Utjouwerij J.H. Kok.
  • (1975). Bezinning op bevrijding in de oecumene: referaten gehouden op de informatiedag van 3 mei 1975 te Putten. Amsterdam: Buijten & Schipperheijn.
  • (1978). Solidariteit en antithese. Een theologische peiling. Kampen: Utjouwrij J.H. Kok.
  • (1987). Wet en evangelie. Kampen: Utjouwerij J.H. Kok.
  • (1992). Beknopte Gereformeerde dogmatiek (mei Genderen, J. van). Kampen: Utjouwerij J.H. Kok.

Biografy

CGK-dokumintalist Jan Noorlandt is dwaande mei in biografy fan prof. dr. Willem Hendrik Velema (2019).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Noat

Tags:

Willem Velema Libben en wurkWillem Velema Publikaasjes (karút)Willem Velema BiografyWillem Velema15 novimber18 april19292019ApeldoornDrachtenDûmnyHeechlearaarNederlânTeolooch

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

GeslachtsmienskipEtiopyske kalinder21e iuwMuzykAubrey KateTailânKontraktGeslacht (sekse)Sjoerd Dirk JanzenMichelle TuckerStichting Alde Fryske TsjerkenT-sekshâldingDouglas A-1 SkyraiderWashington (steat)Sarah YoungMarijn Kuipers1763Eala Frya FresenaZaya Cassidy2006September ReignWestgermaanske talenSozialdemokratische Partei DeutschlandsWeblochPeter PiotWeserJoy KissMegan SalinasPenjummarketingFeriene KeninkrykLeppeltsje-leppeltsjeSelskip foar Fryske Taal- en SkriftekennisseAnnechien SteenhuizenGidsMount EverestRae Lil BlackPornoakteurRjûkjûaanske mûsAFRONSasha BeartVikram SamvatBluesLuna SilverTiidHylperskCowgirlhâldingOarehelteBeauty DiorNeakenfotografyKapri StylesMiko LeeKrystal SwiftPrêrjewolf30 junyStasjon RijssenJade KushJoadedomHynderShrima MalatiKunnilingusPears1980TommeVina SkyRick HofstraU18 febrewarisFryslân🡆 More