Liet We Will Rock You

We Will Rock You is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1977 en útbrocht op it album News of the World út 1977.

We Will Rock You wie it earste nûmer op it album en waard op 7 oktober 1977 útbrocht as B-kânt fan de single We Are the Champions.

We Will Rock You
algemiene ynformaasje
artyst Queen
album News of the World
taal Ingelsk
sjenre Rock,
Hardrock
útbrocht 7 oktober 1977
opnommen 1977
doer 2:02
label EMI
skriuwer Brian May
produsint Queen,
Mike Stone

Oer it nûmer

De orizjiele útjefte fan it nûmer, yn 1977, wurdt ek wol sjoen as in dûbelde A-kant mei We Are the Champions. Dizze single helle wrâldwiid súkses. Yn Nederlân berikte de single it twadde plak yn de Top 40. Beide nûmers binne populêr by grutte sporteveneminten.

By liveoptredens fan Queen waard We Will Rock You faak as ôfsluter spile tegearre mei We Are The Champions en God Save the Queen. Ek is in oantal konserten iepene mei in hard rock ferzje fan it nûmer. By it Jeropeesk kampioenskip fuotbal in 1992 en it WK fuotbal yn 1994 is yn Nederlân in live-ferzje fan We Will Rock You/We Are The Champions útbrocht. Yn 1992 waard it tolfte plak yn de Nederlânske Top 40 berikt, yn 1994 it 32e.

Muzikanten

Ferskillende ferzjes

  • Op it Freddie Mercury Tribute Concert waard it nûmer song troch Axl Rose.
  • As promoasje fan de Amerikaanske rerelease fan News of the World út 1991, hat Rick Rubin it nûmer remiksd. Flea en Chad fan de Red Hot Chili Peppers leverje harren bydrage oan dizze remiks.
  • Yn 2000 waard it nûmer opnommen troch de, op dat stuit populêre, boyband 5ive. Brian May en Roger Taylor wurken aktyf mei oan it nûmer en de fideoklip.
  • Foar de soundtrack fan de film A Knight's Tale (2004) hat Robbie Williams it nûmer kovere.
  • Yn 2005 is, foar in reklame foar Pepsi-cola, in kover opnaam troch Beyoncé, Britney Spears en Pink. Yn de fideoklip figurearje May en Taylor, en ek Enrique Iglesias.

Tags:

19777 oktoberNews of the World (album fan Queen)Queen (band)We Are the Champions (liet fan Queen)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Alpen600Peterhôf (stêd)40e iuw f.Kr.PornhubStromness1628Gysbert JapiksJehannes de Dopertsjerke (Solikamsk)Selebessee1938WalrusFryske talenSekshâldingYndustrialisaasjeJudas IskariotRené DescartesBosnjeMagno AlvesNewcastle upon TyneGrutte Priis Formule 1 fan Azerbeidzjan 2019Jayden LeeInga RidereNeakenmodelList fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânDiana, prinsesse fan WalesLannen en territoariaKatolike TsjerkeWylde apelOrenburg (oblast)Thüringen1600 f.Kr.BrailleRuben L. OppenheimerTaiwanFaginaMidsimmerfeestRosa CaraccioloISBNKongres fan WenenFormule 1 yn 2016DûnsLeo XIII10e milennium2800 f.Kr.3300 f.Kr.Minneapolis7 febrewarisJulianna VegaAnale seksThe Simpsons1301Robin WilliamsClara TrinityMetern5nuoBritney SpringCreative CommonsPius XI3401 f.Kr.NasjonalismeLoppersum (Grinslân)EkshibisjonismeWaylon Jennings27e iuwMoanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)Turkije🡆 More