Tor Books

Tor Books is fierwei de bekendste ymprint fan 'e Amerikaanske útjouwerij Tom Doherty Associates, LLC út New York, dy't him benammentlik spesjalisearret yn 'e publikaasje fan romans en novellen yn 'e sjenres science fiction en fantasy.

Oarspronklik wie Tom Doherty Associates in selsstannige útjouwerij, dy't yn 1980 oprjochte waard troch útjouwer en redakteur Tom Doherty. Yn 1987 waard it bedriuw lykwols oernommen troch St. Martin's Press, in difyzje fan 'e Britske útjouwerij Macmillan Publishers, dy't sûnt 1999 folslein yn eigendom is fan it Dútske útjouwersconcern Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH.

Tor Books
Tor Books
algemien
nasjonaliteit Tor Books Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1980
oprjochter Tom Doherty
eigner Macmillan Publishers
mem Tom Doherty Associates
offisjele webside
us.macmillan.com/TorForge

Al hiel gau nei de oprjochting ferovere Tor Books in wichtich part fan 'e merk yn syn sjenres. De rol dy't Tor yn 'e science fiction- en fantasy-literatuer spilet, hat erkenning krigen trochdat de útjouwerij sûnt 1988 elts jier de priis foar de bêste science fiction-útjouwer fan it gesachhawwende Locus Magazine wûn hat.

Tor hat grutte nammen yn 'e science fiction en fantasy útjûn, lykas Jacqueline Carey, David B. Coe, Glen Cook, Kate Elliott, Jennifer Fallon, Elizabeth Haydon, Robert Jordan, Mercedes Lackey, Jane Lindskold, Juliet Marillier, R.A. Salvatore, Brandon Sanderson en Jo Walton.

Ymprints

Njonken Tor Books beslacht Tom Doherty Associates noch in tal oare ymprints:

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

198019871999DútslânFantasy (literêr sjenre)Feriene Steaten fan AmearikaGrut-BrittanjeMacmillan PublishersNew York (stêd)NovelleRedakteurRomanScience fictionSt. Martin's PressTom DohertyTom Doherty AssociatesVerlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbHYmprintÚtjouwerÚtjouwerij

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

AndorSkipperssankje1981IngelskJuliaanske kalinder3e iuwNamme78Sarah BernhardtThunderball (film)Crista Moore (pornografysk aktrise)Frankryk19091865Moriah MillsCowgirlhâldingYnformatikaAppelskeaAnna BoleynGlasgowRadio18e iuwSwitserlânRuslânGodJapanDútslânMarketingCayden MooreMonakoPeriodyk systeem fan de elemintenEve MadisonJoadenHurde pornografyElektroanikaIIsraelEtiopyske kalinderSilyBarranquillaMarcel JancoWâldYEskJazzBinnensteatSwedenLong Shot (film út 2019)5 jannewarisReimsKing of Kings (film út 1961)PlakBrazilian waxTaalGeslachtsmienskipFongersDLaosDrakensberchtmeH9 oktoberStar WarsDútskKunnilingusFerkiezing🡆 More