Jane Lindskold (folút: Jane M.
Lindskold; Washington, D.C., 15 septimber 1962) is in Amerikaansk skriuwster fan romans en koarte ferhalen fan 'e fantasy- en science fiction-sjenres. Hja is benammen bekend wurden mei har Firekeeper Saga, in syklus fan seis romans oer in jonge frou dy't grutbrocht is troch wolven.
Jane Lindskold | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jane M. Lindskold | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 15 septimber 1962 | |
berteplak | Washington, D.C. | |
etnisiteit | Sweedsk Italjaansk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | fantasy, SF | |
bekendste wurk(en) | Firekeeper Saga Land of Smoke and Sacrifice-rige | |
útjouwer | Tor Books | |
jierren aktyf | 1992 – no | |
offisjele webside | ||
www.janelindskold.com |
Lindskold waard yn 1962 berne yn it Columbia Hospital for Women yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Hja wie de âldste fan fjouwer bern yn it gesin fan 'e hege amtner John E. Lindskold, waans famylje fan etnysk Sweedsk komôf wie (de oarspronklik stavering is Lindsköld), en dy syn frou, de abbekate Barbara Disalle, dy't fan ôfstamme fan Italjaanske ymmigranten. Lindskold hat twa jongere susters, Ann en Susan, en ien jongere broer, Graydon. Hja groeide op yn Washington, D.C., dêr't har heit oan it haad stie fan 'e Land and Natural Resources Division fan it Amerikaansk Ministearje fan Justysje. Letter wenne it gesin oan 'e Chesapeakebaai.
Lindskold gie nei de legere skoalle oan 'e Holy Trinity Elementary School yn 'e Washingtonske wyk Georgetown. De middelbere skoalle folge se oan 'e Immaculata Preparatory School. Hja studearre oan 'e Fordham Universiteit yn New York, dêr't hja op har seisentweintichste jierdei in doktoraat behelle yn Ingelske taal- en letterkunde mei as spesjaliteit Midsiuwske, Renêssânsistyske en moderne Britske literatuer. Tsjintwurdich wennet Lindskold yn Albuquerque, yn 'e súdwestlike steat Nij-Meksiko, mei har man, de archeolooch Jim Moore.
Under it mentorskip fan har freon, de skriuwer Roger Zelazny, sette Lindskold yn 1992 útein mei it skriuwen en publisearjen fan koarte ferhalen fan 'e fantasy- en science fiction-sjenres. Yn desimber 1994 brocht se har earste roman út, ûnder de titel Brother to Dragons, Companion to Owls, dy't troch de kritisy tige goed ûntfongen waard. Ek har Athanor-duology, besteande út 'e romans Changer (1998) en Legends Walking (1999), wêryn't saters, seemearminnen, ienhoarns en oare mytyske wêzens foarkomme, die it hiel goed.
Lindskold har bekendste wurk is lykwols de Firekeeper Saga, in syklus fan seis romans begjinnende mei Through Wolf's Eyes (2001) oer de jonge frou Firekeeper, dy't as bern as iennichste in ferwuostgjende brân oerlibbe hat yn in delsetting fan kolonisten yn 'e wyldernis fan in "Nije Wrâld" dy't sterk liket op 'e frontier fan koloniaal Amearika. Nei't se allinnich yn 'e wyldernis efterbleau, is Firekeeper troch in ridel wolven adoptearre en grutbrocht. It ferhaal begjint as in nije minsklike ekspedysje it territoarium fan 'e wolven ynkringt, en Firekeeper nei tolve jier foar it earst konfrontearre wurdt mei har eigen soartgenoaten. De ealman dy't de ekspedysje liedt, hopet de delsetting fan 'e eardere kolonisten te finen, mei't dy oanfierd waarden troch in ferballe prins. As hja ynstee inkeld Firekeeper oantreffe, wurdt hja mei weromnommen nei it hof om dêr oan 'e kening presintearre te wurden as syn mooglike pakesizzer. Firekeeper ûntdekt dan dat der minder ferskil is tusken in wolveridel en in keninklik hof as dat men op it earste each tinke soe.
Yn 2014 sette Lindskold útein mei in nije rige, Artemis Awakening, oer in planeet dy't oarspronklik ûntwurpen is as in plezieroard foar minsken. Nei it ynstoarten fan 'e ynterplanetêre minsklike beskaving troch in ferwuostgjende oarloch, is de namme Artemis in oar wurd foar in lusthof, in soarte Hof fan Eden, wurden, mar nimmen dy't leaut dat de planeet echt bestiet. As wittenskipper Griffin Dane wit út te puzeljen wêr't Artemis wêze moat, liedt syn werûntdekking fan 'e planeet lykwols ta ûnferwachtse gefolgen.
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
1995 | Locus Award | nominearre | bêste roman | Brother to Dragons, Companion to Owls |
1999 | Locus Award | nominearre | bêste roman | Changer |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Jane Lindskold, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.