Teutoburgerwâld

It Teutoburgerwâld (Dútsk: Teutoburger Wald) is in berchtme dy't fan it leechste punt by Bevergern (10 km eastlik fan Rheine) nei it heechste punt, de berch de Barnacken (446 m) by Paderborn rint.

It berchtme is sa'n 150 km lang en leit yn de dielsteaten Nedersaksen en Noardryn-Westfalen. It berchgebiet is ûnder oaren bekend om de Farusslach tusken de Romeinen en Germanen yn it jier 9 n.Kr.

Teutoburgerwâld
Lizzing fan it Natuerpark Teutoburgerwâld
Teutoburgerwâld
Sicht fan it Hermannsdenkmal nei it noardwesten fan it Teutoburgerwâld.
Teutoburgerwâld
De Eksternsteine.

Namme

De berchrêch hiet ynearsten de Osning. Dizze namme is lykwols oan it begjin fan de 19e iuw wizige as gefolch fan (wat no bliken docht net goede) ynterpretaasjes fan it ferslach fan de Farusslach, de fjildslach dy't yn it jier 9 plakfûn en dêr't it Romeinske leger by ferslein waard troch de Germaanske legeroanfierder Arminius, haadling by de Sjerusken sa at hy by de Germanen bekend stie. Dizze slach, de Saltus Teutoburgiensis, barde by in plak dat de Teutoburch neamd waard. Der waard ferûndersteld dat dit yn de omkriten fan Bielefeld wêze moast en werneamde dêrop de Osning yn it Teutoburgerwâld. Tsjintwurdich hat bliken dien dat dizze slach him sa'n 50 km noardliker ôfspile.

Nijsgjirrichheden

Bekende plakken yn it berchtme binne:

  • de rotsformaasje de Dörenther Klippen, mei de rots it Hockendes Weib
  • it stêdsje Tecklenburg
  • de Teutberch (ek wel Grutteburch neamd) mei it Hermannsdenkmal
  • de rotsformaasje de Eksternsteine.

It Hermannspaad is in bekend kuierpaad dat oer de toppen fan de berchrêch rint.

Teutoburgerwâld  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Teutoburger Wald fan Wiki Commons.

Tags:

DútskFarusslachNedersaksenNoardryn-WestfalenPaderborn

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Domtsjerke fan MantuaISBNIrakMolekulêre biologyCJ MilesJ.R. CarringtonKatedraal fan NotoBruce VentureNederlânJaylene RioGryptsjerkLibben1950-er jierrenSkotlânKeningsleppelbekRedbadWilhelmusBaron4 maartMaltaNeakenmodelKira EggersCharles III fan it Feriene KeninkrykDomtsjerke fan OrvietoTwadde WrâldkriichEvelyn LinOflûken (seksualiteit)SeksferslavingJan Hepkes WoudaJeropaAfrikaanske leppelbekSkaal fan Richter6 novimber5 jannewarisFrankrykMoskouBethany BenzJenny PoussinBeierske wrotmûsBart Jan Spruyt1928Noelle EastonAuteursrjochtBoedismeEkonomyCherokee d'AssRae Lil BlackNicole BexleyMaksiminus TraksClara Trinity2004HantsjemierISO 3166Katedraal fan PadûaFryske talenOseanografyGamal Abdel NasserOrale seksPausDavid GilmourSkiednis fan FryslânAugust TaylorTyneLimoerhalskankerLondenKolombiaWyt-RuslânFingerjenMarilyn CrystalSeksboartersguod22 april🡆 More