Sjatten

De Sjatten (Latyn: Chatti of Catti) wienen in Germaanske folksstam dy eartiids yn it suden fan it tsjintwurdige Nedersaksen en it noarden fan Hessen libbe.

Sjatten
De wengebieten fan guon Germaanske folken dy't troch Gryksk-Romeinske skriuwers yn de 1e iuw neamd wurde

De Sjatten kamen yn de skiednis doe't foar it earst oer harren skreaun waard op de ein fan de 1e iuw f.Kr. Yn de krigen fan de Romeinen Drusus en Tiberius waarden sy tusken 17 en 9 f.Kr. ferslein. Letter wienen sy wol suksesfol tsjin de Romeinen doe't sy de side keazen fan de Germaanske kriichsoanfierder Hermann dy't yn de Slach by it Teutoburgerwâld (9 n.Kr.) trije Romeinske legioenen ûnder lieding fan Farus in ferpletterjende nederlaach tabrochten.

Ek yn de kommende iuwen bleaunen de Sjatten de Romeinen hieltyd in stikel yn 'e foet. Yn de 1e iuw fochten sy in rige oarloggen tsjin de keizers Klaudius en Domitianus dêr't sy lykwols de slach tsjin ferlearen.

Yn 162 en 170 wurde de Sjatten foar de lêste kearen neamd yn de skiednisboeken as ynfallers yn it suden fan it tsjintwurdige Dútslân en Belgje. Dêrnei binne der gjin berjochten mear oer harren. Nei alle gedachten gongen sy tidens de Grutte Folkeferfarren op yn it folk fan de Franken.

Boarne

  • Tasitus: De origine et situ Germanorum.
Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen
Sjatten 

Tags:

GermanenHessenLatynNedersaksen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

BesnijenisBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 198020 febrewarisFrankenthalCambridgeAshley OceanTûla (oblast)1951Mahatma GandhiMoammar al-KadaffyParysSkiednis fan JeropaIsambard Kingdom BrunelFerkundigingskatedraal (Josjkar-Ola)The GuardianGoldbandAndré GideIngelskKalkoenenNederlânMoskeeFilmstudioMafalda (pornografysk aktrise)AutoRebecca RomijnAmazon.comGelsenkirchenSensual JaneKaribyske SeeAchtkarspelenJureka del MarPolly Pons396 f.Kr.StillibbenDaisy SummersTeodoasius de GrutteKeizerHelpTyrannosaurusRichard LanginOpnamen (film)Follybal op de Olympyske Simmerspullen 2000/StrânfollybalGeslachtsmienskip1990Hillige Roomske RykÛntslachThe Sons of Katie Elder (film)HeidenskDeastrafWrâldkampioenskip fuotbal 1994KristenHaatmisdriuwLongûntstekkingGemme fan BurmaniaGnostisismeGysbert JapiksMeksikoHarsensMidden-AmearikaRobert Louis StevensonFerlossertsjerke yn it doarp Oebory (Moskou Oblast)TaiwanBestjoerPoalske FjildtochtLudwigshafenA.S. ByattOmgong fan Itaalje 2017ApostelJelle DamJulianna VegaTsjustere matearjeSân deugdenDútslân🡆 More