Angrivaarjers

De Angrivaarjers (ek wol: Angrivarii, Engeren) wienen in Germaanske stam yn de Noard-Dútske krite dy't har yn de tiid fan Arminius tusken de rivieren de Weser en de Elbe festige hie, benammen tusken de Allermûning en it Bremen fan no.

De Sjauken wennen benoarden harren; yn it suden sieten de Sjerusken en yn it westen wienen de Ampsivaarjers harren buorlju. Angri-varii, betsjutte letterlik 'manlju fan Engern'.

Yn de fjildtocht fan Germanikus tsjin de Sjerusken yn 16 n.Kr. kamen de Angrivaarjers yn opstân tsjin Rome en bedrigen sy it leger fan Germanikus yn de rêch, mar sy waarden rillegau troch in generaal fan Germanikus, in Stertonius, oermastere. Sûnt wienen hja bûnsmaten fan Rome, dêr't de Angrivaarjers elitetroepen oan leveren. Tacitus skriuwt oer de ûnderfinings fan Germanikus mei ûnder oaren de Angrivaarjers yn syn Annales 2.

Neidat de Sjerusken as stam ferdwûnen tusken 51 n.Kr. en 98 n.Kr., wreiden de Angrivaarjers harren wenkrite nei it suden ta út, ûnder keizer Nerva oant de Lippe en de boarnen fan de Iems ta. Noch letter fersprate de stam him noch fierder nei it suden en westen. Yn de twadde as tredde iuw nei Kr. slueten de Angrivaarjers harren oan by it Saksenbûn.

De kontreien oan wjerskanten de Weser naam de namme fan de bewenners oer en hjitte oant yn de midsiuwen Angria, Angaria of Engern. Dat gebiet wie neist Westfalen, Eastfalen en Noordalbingië de middelste fan de fjouwer regio's, dy't meiïnoar Saksen foarmen.

Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen
Angrivaarjers

Tags:

AmpsivarenArminius (fjildhear)ElbeGermanenSjaukenSjeruskenWeser

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

SulawesyBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1980JobBaanhurdfytsen op de Olympyske Simmerspullen 2000JoadenWetterpolo op de Olympyske Simmerspullen 2020SúdwâlfulkaanThe Sons of Katie Elder (film)FoarsitterKnivskjelloddenSan Lorenzo fuori le muraPornofilmGerald FordMeksiko-StêdList fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1900Muasem (Söl)KonservatismeCody BryantMichael JordanSonarHockey op de Olympyske Simmerspullen 2000Spoar fan Ljouwert nei StarumMassachusettsRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1988HamletStoke NewingtonMaserati XXXSimon & SchusterWrâldkampioenskip fuotbal 1994Gysbert JapiksEastenrykAmerikaanske BoargeroarlochSanta Ana (Kalifornje)RôfdierenEjakulaasjeWyt-Ruslân20 aprilBefolkingFeriene NaasjesStefan LöfvenLeonid BrezjnevYouTubeOarlochMafalda (pornografysk aktrise)BeirûtPoznańHarry BelafonteGymnastyk op de Olympyske Simmerspullen 2000JeropaIngelânWrâldkampioenskip fuotbal 1958Beyoncé KnowlesLêstekenMauretaanjeThe GuardianRichard Francis BurtonWrâldkampioenskip fuotbal 2006Joeri AndropovWrâldkampioenskip fuotbal 1998TadzjikistanTurkish AirlinesVanessa SkyDeastrafNAmerikaanske dollarBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1920Frankfurt am MainBill GatesTsjechje🡆 More