Tekenfilmstudio

In tekenfilmstudio is de gebrûklike beneaming foar in filmstudio of in tillefyzjestudio dêr't tekenfilms en/of tekenfilmsearjes makke wurde.

Eins is de minder bekende en minder faak brûkte oantsjutting animaasjestudio better, om't net alle animaasje tekene wurdt. Sa kin der bgl. ek mei stop-motiontechniken wurke wurde. De ierste tekenfilmstudio, yn 'e sin fan in filmstudio dy't him folslein talei op 'e produksje fan tekenfilms, wie de Amerikaanske Barré Studio (nei 1917 de Bud Fisher Films Corporation), dy't yn 1914 oprjochte waard troch Raoul Barré en bestie oant 1923.

Tekenfilmstudio's mei de breedste opset binne bedriuwen dy't sels betinke hokker produkt se ôfleverje wolle, dêr yn 'e preproduksjefaze sels ûntwerpen foar oandrage, en ek it ark en reau besitte en de animators yn 'e tsjinst hawwe om it produkt úteinlik sels te meitsjen. Soms binne se dêropta ek noch belutsen by de filmdistribúsje. Sokke tekenfilmstudio's litte faak ek merchandising útbringe en hawwe sels it auteursrjocht yn besit op it publisearre produkt. In protte tekenfilmstudio's binne lykwols inkeld produksjestudio's, dy't tsjin betelling opdrachten fan oare bedriuwen of gruttere studio's oannimme en útwurkje en gjin rjochten op it ôflevere produkt hawwe.

Foarbylden fan bekende tekenfilmstudio's binne: 20th Century Animation*, Aardman Animations, de Blue Sky Studios*, de Cartoon Network Studios, de DisneyToon Studios*, DreamWorks Animation, Hanna-Barbera Productions, Kyoto Animation, Marvel Animation*, de Nickelodeon Animation Studio, Paramount Animation, de Pixar Animation Studios*, Sony Pictures Animation, de Universal Animation Studios, de Walt Disney Animation Studios*, Walt Disney Television Animation* en Warner Bros. Animation.
(De tekenfilmstudio's markearre mei in asterisk (*) binne dochterûndernimmings fan The Walt Disney Company.)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

191419171923AnimaasjefilmFeriene SteatenFilmstudioStop-motionTekenfilmTekenfilmsearjeTillefyzjestudio

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Russyske BoargeroarlochTyrannosaurusLaos600BernardahûsNederlânskSpoar fan Ljouwert nei Starum20 febrewarisAmazon.comÛntslachSkiednis fan JeropaBeyoncé KnowlesAnton TsjechovHockey op de Olympyske Simmerspullen 200028 maartMegan SalinasJulianna VegaThe World Is Not Enough (film)Strânfollybal op de Olympyske Simmerspullen 2020EnsyklopedyJoeri AndropovRomeinenFilosoofGrutte Merk (Brussel)HeidenskAaliyah HadidEinar HákonarsonKigaliFietnamoarlochJohann Jakob von TschudiFerkundigingskatedraal (Josjkar-Ola)Bôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2008TsjechjeSt. Petersburg (Floarida)Feriene NaasjesBelgjeJoachim HoppersRenée ZellwegerAIDSFrânskSensual JaneNicolette SheaEjakulaasje3 febrewarisPenisGysbert JapiksTsjustere matearjePornofilmMitogondriaal DNASan Lorenzo fuori le muraMay ThaiMeksikoMcDonald'sTaekwondo op de Olympyske Simmerspullen 2000Wrâldkampioenskip fuotbal 1962CIASanta Ana (Kalifornje)34KairoGhostbusters (film út 2016)Poalske FjildtochtSeksuele penetraasjeSkiednis fan DútslânMoskeeFrankrykMoriah MillsAutodykMao Tse-toengVoronezj (oblast)BerlynKubaMontevideo🡆 More