Sultan

In sultan (fan it Arabyske سلطان, sulṭān, útspr.: , likernôch: soltchaan) is in aadlike titel mei ferskate histoaryske betsjuttings.

Fan oarsprong wie it in Arabysk haadwurd mei de betsjutting "krêft", "gesach" of "hearskippij", mar letter ûntjoech it him ta in titel foar beskate islamityske hearskers dy't harsels folslein soeverein achten (en dus alhiel net ôfhinklik wiene fan in hegere hearsker), mar sûnder dat se foar harsels it kalifaat (de hearskippij oer alle moslims) opeasken.

Sultan
Sultan Kabûs bin Saïd al-Saïd fan Omaan.

In dynasty fan sultans en in lân dat troch sultans regearre wurdt, is in sultanaat (Arabysk: سلطنة, salṭānaẗ). De froulike foarm fan 'sultan', sa't dy yn gebrûk is yn it Westen, is sultana. Dêrby moat men der lykwols om tinke dat dêrmei yn 'e regel (eins foutyf) ferwiisd wurdt nei de gemalinne fan in sultan, sa't men yn it Dútsk ferwize kinne soe nei de frou fan in fjildmaarskalk as Frau Feldmarschall, en yn it Frysk nei de frou fan in dûmny (pastoar) as in 'pastoarske'. Dêrby wurdt dus ferwiist nei de frou mei de titel of it berop fan 'e man sûnder dat titel of berop eigentlik op 'e frou sels fan tapassing is. De seldsume froulike hearskers yn 'e skiednis fan 'e islamityske wrâld binne yndie sultana's, mar yn sultanaten hawwe de gemalinnen fan 'e sultan yn 'e regel in spesifike titel en wurde sokken nea as 'sultana' oantsjut.

Hjoed oan 'e dei binne der net sa'n protte sultans mear. Noch mar twa ûnôfhinklike lannen yn 'e wrâld wurde regearre troch in sultan, nammentlik Omaan en Brûnei. Dêrnjonken besteane der noch ferskate tradisjonele sultanaten dy't diel útmeitsje fan 'e Filipinen, Maleizje, Yndoneezje, Nigearia en Niger. Mank moderne erflike hearskers dy't harren sekulier gesach op grûn fan 'e wet beklamje wolle, wurdt de titel 'sultan' sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw stadichoan ferfongen troch kening (Arabysk: malīk).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

AdelArabyskHaadwurdIslamKalifaatMoslimSoevereiniteit

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Grutte Priis Formule 1 fan Kanada 2014Noard-Ierlân28e iuwNij-MeksikoRuslânDaisy Summers1 juny1622Ines RidereBekhofskânsJehannes de Dopertsjerke (Solikamsk)Justin BieberPerûGert Schutte29 maaie1739Lapdance1787Felipe MassaFazantNapoleon III fan FrankrykKatolike TsjerkeGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2014Occa Johanna RipperdaBritney SpringFirus (biology)Konstantyn de Grutte130040e iuw f.Kr.FellatioGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2018AldheidPaul KustersJoe BidenGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2010FryskGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2010Arwen GoldWikeFrânskKwissipedyKarel II fan IngelânFreedSaya SongTsjustere matearjeGrutte Priis Formule 1 fan Japan 2014Grutte Priis Formule 1 fan Belgje 20121700 f.Kr.1672Fryske talen501 f.Kr.Feriene Steaten3901 f.Kr.Fernando AlonsoWyt-RuslânOrenburg (oblast)KalifornjeSan Paolo fuori le MuraGordianus ILille28 septimberJohan DerksenAmerikaanske presidintsferkiezings (2020)NoemiGrutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2016801WalrusKempten🡆 More