Soevereiniteit (fan it Frânske souveraineté, fan it Latynske superanus, fan super, mei de betsjutting boppe of oer) is it rjocht fan in bestjoersorgaan om it heechste gesach út te oefenjen sûnder dat dêrfoar ferantwurding ferskuldige is oan in oar orgaan.
Sok gesach kin op ferskate manearen legitimearre wurde, lykas mei in berop op folkssoevereiniteit (dy't útgiet fan it folk) of op godssoevereiniteit (dy't útgiet fan God). As oan it haad fan it bestjoersorgaan dat it soevereine gesach útoefenet in monarch stiet, tsjut men dy oan as de soeverein.
Yn moderne steaten is al it rjocht ornaris werom te fieren op 'e grûnwet. Troch it soevereiniteitsbegryp wurdt oanjûn wêrom't de grûnwet jildich is. Yn it gefal fan folkssoevereiniteit is dat bgl. sa om't it folk achte wurdt himsels de grûnwet jûn te hawwen. Yn it gefal fan monargale soevereiniteit wurdt de monarch achte de grûnwet oan it gebiet dat ûnder syn gesach stiet, jûn te hawwen.
Yn it ynternasjonaal rjocht is soevereiniteit in wichtich konsept, om't dêryn it respekt foar de grinzen fan oare lannen fêstlein is en ek it rjocht fan in regear om gesach út te oefenjen binnen de grinzen fan 'e eigen steat, in foarm fan selsbeskikkingsrjocht. Dat betsjut dat in lân net it rjocht hat om him te bemuoien mei de binnenlânske oangelegenheden fan in oar lân. Dat feit wurdt troch diktatoriale rezjyms as standertekskús brûkt om bûtenlânske protesten tsjin it ûnderdrukken fan 'e befolking of it ferfolgjen fan minderheden te negearjen. Agresje (d.w.s. oarloch) tsjin in soeverein lân is ûnder it ynternasjonaal rjocht ek ferbean, útsein yn útsûnderlike gefallen, mar dan moat dat lân it wol hiel bûnt makke hawwe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Soevereiniteit, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.