Stâl

In stâl is in oerdutsen romte dêr't fee holden wurdt.

Meastal giet it dêrby om kij, skiep, geiten of bargen, mar it kin ek om hynders gean. Der bestiet in grut tal ferskillende soarten stâlen:

  • beddestâl, in stâl foar it hâlden fan jonge bargen
  • groppestâl of gropstâl, in no fierhinne yn ûnbrûk rekke stâl foar it hâlden fan kij (mei groppen foar de ôffier fan stront efter de eigentlike stâlen), foarhinne de meast foarkommende soarte stâl op molkfeehâlderijen yn Fryslân
  • hynstestâl, in gebou of in inkele stâl yn in gebou dêr't hynders holden wurde
  • lisboksstâl, in moderne stâl foar it hâlden fan kij
  • melkstâl, in stâl dêr't kij molken wurde kinne
  • potstâl, in âlderwetske skieppe- of kowestâl, no wer yn gebrûk yn 'e biologyske feehâlderij
  • skieppekoai, in stâl of hok foar skiep
Stâl
In âlderwetske groppestâl.

In hinnehok kin net oanmurken wurde foar in stâl, of it moat wêze dat it om in gebou ter grutte fan in loads giet. Op buorkerijen befynt in stâl him faak yn of fuort njonken de pleats. Foarhinne, doe't men noch fan hynstekrêft ôfhinklik wie, hiene in protte gewoane huzen ek in stâl foar it hâlden fan 'e eigen ryd- of lûkhynders.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.


Tags:

BaarchFeeHynderKo

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Nashville (Tennessee)Gemeenten fan NederlânSeksuele opwiningKira EggersMediafranchiseMarianetrôchVienna BlackDanyel CheeksDútskAcademy of Country Music AwardTyneCarmen HayesKatedraal fan NotoDútslânEtruskenKarma RosenbergSint-Frederikustsjerke (Steggerda)Rhylee RichardsList fan Nederlânske gemeentenNew York Stock ExchangeFideoHaadsideAdina JewelEarmoedeBruce VentureHongarijeISBNJean-Yves LecastelDomtsjerke fan Massa MarittimaBiskopRae Lil Black69 (sekshâlding)2012IranAubrey Kate176626 febrewarisHjerringslynderFryske BernekranteJob CohenKatedraal fan TorcelloArwen GoldJ.R. CarringtonGamal Abdel NasserInes RidereAle S. van ZandbergenMiljardêrSêfte pornografy6 novimberJaylene RioNoemilk1576FerstoarUnbemanne fleanmasineSeksferslavingBeagle (skip)Edsger Wybe DijkstraMay ThaiEkonomyLexi DiamondShalina DevineNasjonale feestdei19e iuwLuna SilverLewis Carroll🡆 More