Eastland Cash

Eastland Cash (Angeren, 7 febrewaris 1991 – Gytsjerk, 28 juny 2005) wie in Holstein-Friesian-bolle dy't jierrenlang ien fan 'e súksesfolste en meast brûkte fokbollen fan 'e wrâld wie.

Eastland Cash
bysûnderheden
soarte bist bolle (Holstein-Friesian)
berne 7 febrewaris 1991
berteplak Angeren (Gelderlân)
Eastland Cash Nederlân
deagien ±28 juny 2005
stjerplak Gytsjerk (Fryslân)
Eastland Cash Nederlân
aktyf as fokbolle
reden
  bekendheid
bêste fokbolle fan syn
   generaasje

Libben

Eastland Cash waard yn 1991 smiten yn 'e stâl fan 'e bruorren Oosterink yn it Gelderske Angeren. Mei't er in soan fan 'e ferneamde fokbolle Sunny Boy wie, waard er in fearnsjier letter oankocht troch de fokkerijferiening CRV en oerbrocht nei de CRV-stâlen yn Gytsjerk, dêr't er syn hiele fierdere libben trochbringe soe.

Yn augustus 1995, doe't de CRV foar it earst syn sperma frijjoech foar de ferkeap (om troch keunstmjittige ynseminaasje by kij ynbrocht te wurden), briek Eastland Cash troch as de súksesfolste fan 'e soannen fan Sunny Boy. Hy waard troch feehâlders heech wurdearre fanwegen de lange libbensferwachting fan syn dochters, de positive fet-aaiwytferhâlding fan harren molke en teffens fanwegen syn gaadlikens foar gebrûk by rierren dy't noch nea kealle hiene. Fan oktober 1995 oant syn dea wie er stiiffêst ien fan 'e populêrste fokbollen fan 'e wrâld.

Yn totaal waarden fan Eastland Cash syn sperma wrâldwiid 1,2 miljoen doases ferkocht, wêrmei't er ien fan 'e bêst ferkeapjende bollen ea wie (al bleau it rekôr stevich yn 'e hannen fan syn heit Sunny Boy). Eastland Cash berikte de respektabele leeftyd fan 14 jier, en gie ein maaie 2005 dea yn syn stâl te Gytsjerk. Ek syn soan Laurenzo en syn pakesizers Rafael, Nevada, Stilist en Obelisk ûntjoegen har ta súksesfolle fokbollen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1991200528 juny7 febrewarisGytsjerkHolstein-FriesianKo

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

WetterstofAldfryskYiming CuriosityDermatology24 maartAmmoniakDominion Nijfûnlân27List fan planetoïden 47001-48000HuningblomNitraatTony BeetsNikolaas fan Myra1952Marika Fruscio1505Yndo-Jeropeeske talenÛntslach1 maartJezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)Prins EdwardeilânKjifdierenMarokkoSlotYves BaillatRuslânIvan IV fan RuslânGeorge W. BushStasjon StedumFryske RykHenk van der VeerRoarik3 maaieAsteroïdeRunenMona LisaVladimir PûtinAudree JaymesList fan planetoïden 77001-78000RagenfridSpienTibeariusRome (stêd)PaleokontinintKnivskjelloddenFlodder (film)Keninkryk SkotlânNoardlike NjonkenlinenKazachstanFrancesca PetitjeanList fan planetoïden 43001-44000KunnilingusJeanne d'ArcLiuwe H. WestraYnternetSchutzstaffelWordPressPalermoLos AngelesCassidy Banks26Petrus- en Pauluskatedraal (Tomsk)26 maartLucy LawlessEpifanykatedraal (Tomsk)Mia LiSingapoer🡆 More