Slot Charlottenburg

Slot Charlottenburg (Dútsk: Schloss Charlottenburg) is it grutste paleis yn Berlyn en leit yn it stedsdiel Charlottenburg.

It datearret út 'e tiid fan de Prusyske keningen en waard boud tusken 1695 en 1699 troch Johann Arnold Nering yn opdracht fan Sophie Charlotte (dochter fan Ernest Augustus), en de frou fan karfoarst Freark III, dy't him letter letter kroane liet ta kening Freark I fan Prusen.

Slot Charlottenburg
Slot Charlottenburg

Al yn 1701 wie it kastiel, dat eins bedoeld wie as in simmerhûs foar Sophie Charlotte, útwreide troch Eosander von Goethe. It slot, dat earst Lietzenburg neamd wie, waard nei de dea fan Sophie Charlotte (1705) ta eare fan har omneamd nei Charlottenburg. Fan 1707 oant 1712 waard it útwreide mei de Oranjery en de karakteristike koepel. Tusken 1740 en 1747, doe't Freark de Grutte der libbe, waard de nije eastlike fleugel boud troch Georg Wenzeslaus von Knobelsdorff. Lykwols ferhuze Freark yn 1747 nei de Slot Sanssouci yn Potsdam.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard it kastiel foar in grut diel ferneatige. Dêrtroch is der net safolle fan de oarspronklike meubels oerbleaun. Ek it porselein en Delfts blau yn 'e porsleinkeamer moast gruttendiels ferfongen wurde.

It grutte park, dat by it kastiel heart, is boud op basis fan tekeningen út de begjintiid fan it slot neffens it foarbyld fan Versailles. De tún hat yn dy tiid, sa't moade wie, ek ris in Ingelske tún west.

Fan 2004 oant 2006 (tidens de renovaasje fan Bellevue Palace) waard it kastiel brûkt troch de Bûnspresidint foar represintative doelen. Der wie in stúdzjekeamer foar de Bûnspresidint en der waarden ûntfangsten hâlden. Yn 2004 waard de Britske keninginne yn dit slot ûntfongen.

Keppeling om utens

Slot Charlottenburg  Commons: Schloss Charlottenburg – foto, fideo en harktriemmen

Tags:

BerlynDútsk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Ghostbusters (film út 2016)Tsjustere matearjeFilosoofKunnilingus1995Jehannes Paulus IIHydraulic fracturing34KoloradoFerlossertsjerke yn it doarp Ubory (Moskou Oblast)TuberkuloazeSaya SongWrâldkampioenskip fuotbal 19868Demokratyske Partij (Feriene Steaten)AutoTeksasSilverstone CircuitNapelsSensual JaneEiffeltoerSyriaOrale seksChicagoLudwig van BeethovenGeoffrey BayldonRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1964KursyfTbilisiPorto RikoJoyce OliveiraNederlânNottinghamshireNoardlike NjonkenlinenLondenOflûken (seksualiteit)Marlene DietrichAndré GideYvette BovaEastenrykMinskFoarsitterFilipinenGoldband20 maartSonarFietnamoarlochTeodoasius de GrutteWrâldkampioenskip fuotbal 1994PenisSwimmen op de Olympyske Simmerspullen 2000MisjonarishâldingJeropeeske UnyTasjkentBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1980Slach oan de Little BighornGokkenThe World Is Not Enough (film)Markant (Jistrum)156226 maartList fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânLos Angeles LakersGrykskKosta RikaHarsensShalina Devine1328KristenVina SkyRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1904CityJetDaugavpils🡆 More