Band Skarl

Skarl is in Fryske alternative rockband oprjochte yn 1996 yn de Súdwesthoeke.

De groep bestiet yn 2011 út de muzikanten Philippus Feenstra (gitaar, banjo & mandoline), Peter Kamping (basgitaar) en Pieter Kurpershoek (sang en gitaar) Pieter Feenstra (slachreau), Paul van Dijk (toetsen), Rudy Lobisch (saksofoans)en Benedictus van der Veen (tromboane en bariton). Skarl makket alternative Fryske en Nederlânske teatermuzyk. Se meitsje rûge eigensinnige muzyk mei dwers sketterjend koper, hakjende ritmes, protteljende potten en pannen, grinende gitaren, in fermôge oargeltsje en kombinaasje mei skuorjende en raspjende sjongpartijen. Der sit in soad swarte humor en selsspot yn.

Skarl
Band Skarl band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Band Skarl Nederlânsk
sjongtaal Ingelsk
bestean 1996 - No
âld-leden Sjoerd Kramer sang, gitaar en bas (1996-2005)
leden
Sang &
Gitaar
Peter Kamping
Gitaar &
Bas
Phillipus Feenstra
Drums &
Tromboane
Pieter Kurpershoek

Skiednis

De namme Skarl komt fan de prosesmjittige wize fan wurkjen. Lykas ‘Jan fan 'e Strjitte’ syn kost by elkoar skarrelt, sa skarrelt Skarl klanken, wurden en âlde ynstruminten by elkoar op 'e siik nei de rook, de smaak en de kleur.

Skarl trede al op foar 3FM, ûnder oare yn it VPRO-programma Club Lek (oktober 2003). Yn 2000 wûnen se it festival Liet mei it nûmer ‘Jan fan de strjitte’ en yn febrewaris 2000 spilen se by de weriepening fan it Jopie Huisman Museum yn Warkum. Alternative lokaasjes dêr't se optreden hawwe binne de earste ferdjipping fan de Aldehou, de lêsseal fan Tresoar en de Teatertún yn Riis.

Teaterproduksjes

  • Ajaks (1998, yn gearwurking mei SULT;
  • Biedermann en de Brânstichters (2000), yn gearwurking mei Janny van der Veen);
  • Breewar (2002), mei De Paupers.

Yn 2004 trede Skarl op mei it muzykteaterprogramma ‘Skilderij’, de muzyk dêrfân ferskynde op CD. It wie de reden om Skarl te nominearjen foar de Fryske Poppriis fan 2005. Skarl waard ek nominearre foar de Bernlefpriis yn 2002, foar de bysûndere foarmjouwing fan de produksje fan de twa miny cd ’s: Mins (1998, eigen behear) en ‘Biedermann en de Brânstichters’ (2000, eigen behear). Yn 2008 hat harren fideoklip Sear dien seis wiken yn de Top-3 fan Klipkar fan Omrop Fryslân stien.

In augustus 2005 hat Sjoerd Kramer Skarl ferlitten, hy is opfolge troch Peter Kamping.

Diskografy

  • Hotel Korsakov

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Band Skarl SkiednisBand Skarl TeaterproduksjesBand Skarl DiskografyBand Skarl1996FryslânPaul van Dijk (skriuwer)Rockmuzyk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1933NeakenfotografyBrad Pitt29 oktober1 oktober18e iuwEtiopyske kalinderAlpenPamela AndersonMarcel HirscherHaskerlân197810 juny1514JapanFongersThe Doors1876Fandalen517List fan grutste stêden yn DútslânWebstee19391926Germanen15e iuw31Reality KingsEjakulaasjeTwadde WrâldkriichIsraelUNammeZJulySan Francisco7JMicrosoft WindowsCayden MooreEmily RatajkowskiDaisy SummersYTuneezje21e iuwXKorsikaSkriuwerPhilip, hartoch fan Edinburgh2023PKlassisisme26 maartFilm27 maartEalsum1988TaalDenemark28Stêd1922Armeenske kalinderHErebia14 maartOktaaf1890Rhythm and bluesJuliaanske kalinderMollemakleaster🡆 More