De Sisseton (Ingelsk: Sisseton, útspr.: ; Dakota: Sisíthuŋwaŋ, útspr.: ) binne ien fan 'e sân tradisjonele stammen fan 'e Sû-Yndianen fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika.
Mei trije fan 'e oare seis stammen, te witten de Mdewakanton, de Wahpekûte, en de Wahpeton, foarmje se Eastlike Dakota, ien fan 'e trije grutte etnysk-linguïstyske haadgroepen fan 'e Sû.
De Sisseton, wa har namme oft mooglik "Doarp Dêr't It Goed Fiskjen Is" betsjut, binne it naust besibbe oan 'e Wahpeton ("Blêdedoarp"). Histoarysk sjoen makken de Sisseton diel út fan 'e Očhéthi Šakówiŋ (útspr.: [o'tʃʰe:tʰi ʃa'ko:wĩ]), wat "Sân Riedsfjurren" betsjut en wat yn 'e regel oerset wurdt as de Grutte Sû Naasje. Dêrby stie elts fjoer symboal foar in oyáte ("folk" of "naasje"), d.w.s. ien fan 'e tradisjonele stammen, wêrfan't de Eastlike Dakota der fjouwer hiene, de Westlike Dakota twa en de Lakota mar ien.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Sisseton, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.