Russyske Avant-Garde

De Russyske avant-garde is in oerkoepeljende term om de grutte, ynfloedrike beweging yn de moderne keunst oan te tsjutten, dy't yn Ruslân (of better, it Tsaristysk Ruslân en de Sovjet Uny) opgong makke fan likernôch 1890 oant 1930 - hoewol't it begjin op guon plakken al yn 1850 wie en de ein earst om 1960 hinne.

De term bekapet in protte ferskillende, mar ûnskiedbere, keunstbewegings út dat tiidrek; nammentlik it Neo-primitivisme, suprematisme, konstruktivisme en futurisme. Ut reden dat in protte fan dizze avant-garde keunstners berne waarden of grut waarden yn wat no Wyt-Ruslân en Oekraine (mei Kazimir Malevitsj, Aleksandra Ekster, Vladimir Tatlin, Wassily Kandinsky, David Burliuk, Alexander Archipenko) hjit, hawwe guon boarnen it ek wol oer de Oekraïnske avant-garde.

Russyske Avant-Garde
Kazimir Malevitsj, Swart fjouwerkant, 1913
Russyske Avant-Garde
Sjoekov Toer, 1922
Russyske Avant-Garde
Ilja Golosov, Zuev Club, 1926
Russyske Avant-Garde
Melnikov-hûs, Moskou, 1929

De Russyske avant-garde berikte syn kreative- en populêre hichtepunt yn it tiidrek tusken de Russyske Revolúsje fan 1917 en 1932, doe't de ideeën fan de avant-garde net langer strykten mei it troch de oerheid stipe opkommend Sosjalistysk Realisme. Wichtige persoanen út de Russyske avant-garde binne:

Keunstners en ûntwerpers

  • Nathan Altman
  • Alexander Archipenko
  • Vladimir Baranoff-Rossine
  • Alexander Bogomazov
  • David Burliuk
  • Vladimir Burliuk
  • Marc Chagall
  • Ilya Chashnik
  • Aleksandra Ekster
  • Robert Falk
  • Pavel Filonov
  • Naum Gabo
  • Nina Genke-Meller
  • Natalia Goncharova
  • Michail Grobman
  • Wassily Kandinsky
  • Ivan Kliun
  • Gustav Klutsis
  • Aristarkh Lentulov
  • El Lissitzky
  • Kazimir Malevitsj
  • Paul Mansouroff
  • Mikhail Matjushin
  • Vadim Meller
  • Solomon Nikritin
  • Ljoebov Popova
  • Ivan Puni
  • Kliment Red'ko
  • Alexander Rodchenko
  • Olga Rozanova
  • Léopold Survage
  • Varvara Stepanova
  • Georgii and Vladimir Stenberg
  • Vladimir Tatlin
  • Vasiliy Yermilov
  • Nadezhda Oedaltsova
  • Alexandr Zhdanov

Blêden

  • LEF
  • Mir iskusstva

Filmmakkers

  • Alexander Dovzhenko
  • Sergei Eisenstein
  • Vsevolod Pudovkin
  • Dziga Vertov

Skriuwers

  • Velimir Chlebnikov
  • Vladimir Majakovsky
  • Sergej Tretjakov

Teaterdirekteuren

  • Vsevolod Meyerhold
  • Nikolai Evreinov
  • Yevgeny Vakhtangov
  • Sergei Eisenstein

Arsjitekten

  • Yakov Chernikov
  • Moisei Ginzburg
  • Ilja Golosov
  • Ivan Leonidov
  • Konstantin Melnikov
  • Vladimir Sjoekov
  • Alexander Vesnin

It behâld fan Russyske avant-garde arsjitektuer hat it (soarchlike) omtinken fan skiedkundigen, politisy en arsjitekten. It Modern Museum of Art MoMA yn New York, hat yn 2007 in útstalling wijd oan allinnich *Lost Vanguard: Soviet Architecture, mei it wurk fan de Amearikaanske fotograaf Richard Pare.

Komponisten

  • Samuil Feinberg
  • Arthur Lourié
  • Nikolai Medtner
  • Alexander Mossolov
  • Nikolai Borissovitch Obuchov
  • Nikolai Roslavets
  • Leonid Sabaneyev
  • Alexander Scriabin

In protte Russyske komponisten dy't niget oan avant-garde muzyk hienen waarden lid fan it Bûn foar Hjoeddeiske Muzyk dy't laat waard troch Roslavets.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Referinsjes

  • Russian avant-garde - fideo
  • Kovalenko, G.F. (red.) The Russian Avant-Garde of 1910-1920 and Issues of Expressionism. Moskou: Nauka, 2003.
  • Shishanov V.A. Vitebsk Museum of Modern Art: a history of creation and a collection. 1918-1941. - Minsk: Medisont, 2007. - 144 p.[1]

Tags:

Russyske Avant-Garde Keunstners en ûntwerpersRussyske Avant-Garde BlêdenRussyske Avant-Garde FilmmakkersRussyske Avant-Garde SkriuwersRussyske Avant-Garde TeaterdirekteurenRussyske Avant-Garde ArsjitektenRussyske Avant-Garde KomponistenRussyske Avant-Garde Sjoch ekRussyske Avant-Garde Keppeling om utensRussyske Avant-Garde ReferinsjesRussyske Avant-GardeAleksandra EksterKazimir MalevitsjKonstruktivisme (keunst)Moderne keunstRuslânSuprematismeVladimir TatlinWyt-Ruslân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Wrâldkampioenskip fuotbal 19621918GelsenkirchenMidsiuwenOrléansWyt-RuslânNicolette SheaJamie Lee CurtisFulkaanMarcelinho Carioca1989KeizerRomeinske sifersLjouwert (stêd)FellatioVoronezj (oblast)Afro-Aziatyske talenSúdeast-AazjeJohn LennonYnternetCreative CommonsWashington, D.C.SingapoerSúdwâlfulkaanLynsey de PaulWikipedyRjochtHTMLEmiel StoffersLéa (bibelsk persoan)NoardfryskCarles PuigdemontKunnilingusNoardkaapFrouMitogondriaal DNACambridgeEarrebarreKursyfLjouwerter KranteMichelle TuckerVina SkyJaylene RioSimon & SchusterHeitThe GuardianMauretaanje1965HiphopTsjerke fan it Hillich Antlit fan Kristus de Ferlosser (Sotsjy)Bristol (Ingelân)Twadde iuwIngelJoachim HoppersBaltimore1988Wolfgang Amadeus Mozart20 febrewarisFrank SinatraFrânskGladiatorIngelânSt. Petersburg (Floarida)1810Alderheljenkatedraal (Tûla)WalesKazachstanNôtMozilla FirefoxRenée Zellweger25 juny🡆 More